Krakau (Poalsk: Kraków) is nei Warsjau de grutste stêd fan Poalen; der wenje likernôch 750.000 minsken. Yn de stêdekloft wenje 1,4 miljoen minsken en is dêrmei nei dy fan Warsjau en Katowice de tredgrutste fan Poalen. It stêdssintrum stiet op de UNESCO wrâlderfgoedlist.
Skiednis De earste delsetting is likernôch 6.000 jier âld. 1038, Krakau wurdt haadstêd fan Poalen. 1364, Universiteit fan Krakau stifte. 1596, Warsjau wurdt haadstêd fan Poalen.
Geografy Krakau leit yn it suden fan Poalen, oan de rivier de Wisla. It leit oan de foet fan de Karpaten op 219 meter boppe seenivo.
400px|thumb|De 18 stêdsdielen Sûnt 1990 is Krakau bestjoerlik yn 18 stêdsdielen yndield:
I. Stare Miasto II. Grzegórzki III. Prądnik Czerwony IV. Prądnik Biały V. Krowodrza VI. Bronowice VII. Zwierzyniec VIII. Dębniki IX. Łagiewniki-Borek Fałęcki X. Swoszowice XI. Podgórze Duchackie XII. Bieżanów-Prokocim XIII. Podgórze XIV. Czyżyny XV. Mistrzejowice XVI. Bieńczyce XVII. Wzgórza Krzesławickie XVIII. Nowa Huta
Musea Nasjonale Museum Czartoryski-museum Poalsk Loftfeart Museum
Ynwennertal 2009 - 754.854 2004 - 757.430
Keppeling om utens www.e-krakow.pl
Kategory:Hânzestêd Kategory:Plak yn Poalen Kategory:Plak yn woiwodskip Lyts-Poalen Kategory:Wrâlderfgoed yn Poalen Kategory:Plak stifte yn 965