De Himriksmole is in mealreeë spinnekopmole yn it rekreaasjegebiet De Griene Stjer yn de gemeente Ljouwert.
Skiednis De mûne waard oarspronklik yn 1860 boud foar it bemeallen fan de Himrikspolder by Huzum. Yn 1952 waard de mûne oerbrocht nei Ryptsjerk, dêr't er in skoft yn de buert fan pleats 'Wielsicht' tichtby de Ryptsjerkster Feart stie. De Himriksmûne waard yn 1976 fersetten nei it hjoeddeiske plak yn it natuer- en rekreaasjegebiet De Griene Stjer, dêr't er tsjinst docht as ynmealler. Sûnttiids wurdt hy ek wol De Griene Stjer neamd.
Troch brânstifting waard de Himriksmole yn 1995 hast hielendal ferwoaste, mar hy waard it jier dêrop wer opboud.
Fan 1971 oant 1979 wie de Himriksmole yn it besit fan de Stifting De Fryske Mole. Tsjintwurdich is hy eigendom fan de gemeente Ljouwert. De mûne is te besichtigjen as er draait.
Sjoch ek Mole yn Fryslân
Keppeling om utens De mûne op de Mûnedatabank De mûne op De Hollandsche Molen
Kategory:Mole yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Ryksmonumint yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Poldermole Kategory:Spinnekopmole Kategory:Bouwurk út 1860 Kategory:Bouwurk út 1952 Kategory:Bouwurk út 1976 Kategory:Bouwurk út 1995