De provinsje is de twadde laach fan bestjoer, in part fan de steat. In provinsje wurdt foarme troch meardere gemeenten.
Nederlân It deistich bestjoer fan de provinsje wurdt dien troch de Kommissaris fan de Kening tegearre mei Deputearre Steaten; de Provinsjale Steaten hawwe it bestjoer oer langere tiid. As wurkplak hawwe dizze organen it provinsjehûs wat yn it haadplak fan de provinsje stiet.
Belgje Yn Belgje en yn de Nederlânske provinsje Limburch hat men in gûverneur ynstee fan in Kommissaris fan de Kening.
thumb|right|It wapen fan de Provinsje Fryslân thumb|right|It wapen fan de provinsje Súd-Hollân
Provinsjes yn Nederlân Fryslân - Ljouwert Grinslân - Grins Drinte - Assen Oerisel - Swol Gelderlân - Arnhim Utert - Utert Flevolân - Lelystêd Noard-Hollân - Haarlim Súd-Hollân - De Haach Seelân - Middelburch Noard-Brabân - De Bosk Limburch - Maastricht
Provinsjes yn Belgje Antwerpen - Antwerpen Limboarch - Hasselt East-Flaanderen - Gent Flaamsk-Brabân - Leuven West-Flaanderen - Brugge Waalsk-Brabân - Waver Henegouwen - Mons Luik - Luik Lúksemboarch - Aarlen Namen - Namen
De Stêdsregio Brussel heart net by ien fan de boppesteande provinsjes.
Hyponimen Yn Nederlân en Belgje is de provinsje in bestjoerslaach tusken it lânsregear en gemeenten. Yn oare lannen is der in lyksoartich systeem, mar dan mei in oare namme en mear as minder foech. Yn Dútslân hat in dielsteat likernôch itselde nivo as dat fan in provinsje, lykwols falle der ûnder de Dútske dielsteaten noch twa bestjoersnivo's. Yn Switserlân hawwe se kantons dy't ek in soad foech hawwe. Oare hyponimen binne 'departemint' (Frankryk), 'oblast'(Ruslân en oare Slavyske lannen), 'Woiwodskip' (Poalen) en 'prefektuer' (Japan).
Kategory:Bestjoerlike yndieling