300px|thumb|Súd-Hollân (2019) 300px|thumb|De Haven fan Rotterdam 300px|thumb|Bollefjilden by Lisse 300px|thumb|Polder by Moordrecht yn it Griene Hert 300px|thumb|Nieuwe Kerk yn Delft, de heechste tsjerketoer yn Súd-Hollân 300px|thumb|Brielle út de loft wei sjoen Súd-Hollân (Nederlânsk: Zuid-Holland) is in provinsje fan Nederlân, dy't as sadanich bestiet sûnt de âlde provinsje Hollân yn 1840 midstwa spjalten waard. It hat ynwenners (, boarne: CBS) en in oerflak fan 3.308 km², en is dêrmei de provinsje mei de measte ynwenners en de tichtbefolkste fan Nederlân. Haadstêd is De Haach, dat de Nederlânske residinsjestêd is, en de grutste stêd is Rotterdam. De grutste seehaven fan Jeropa, de haven fan Rotterdam leit yn Súd-Hollân.

De provinsje grinzget yn it noarden oan Noard-Hollân, yn it easten oan Utert en Gelderlân, yn it súdeasten oan Noard-Brabân, yn it suden oan Seelân en yn it westen oan de Noardsee.

Skiednis Foar 1795 hearde Súd-Hollân by it Greefskip Hollân. Nei de omfoarming fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen ta de Bataafske Republyk waard Hollân, lykas de rêst fan Nederlân ferparte yn departeminten. It suden fan Hollân, waard mank mei Seelân en it westen fan Brabân part fan it departemint fan de Skelde en Maas. It noarden fan it hjoeddeistige Súd-Hollân waard part fan it departemint fan de Delf. Yn 1801 kamen de grinzen fan earder werom en waard it departemint Hollân foarme. Yn 1807 waard dat departemint yn twaen spjalte dêr't it súdlike departemint it departemint Maaslân waard, dêr't de grinzen sawat fan oerienkomme mei dy fan it lettere Súd-Hollân. Yn 1810 doe't Nederlân by it Earste Frânske Keizerryk ynlive waard, waard Maaslân omfoarme ta it departemint fan de Mûning fan de Maas.

Nei de Frânske tiid kamen de grinzen fan foar 1795 fannijs werom. It noarden en suden fan Hollân waarden wer feriene yn de nije provinsje Hollân. De skieding ferdwûn lykwols net alhiel, want fan 1814 ôf hie Hollân twa kommissarissen fan de kening, ien foar it noarden en ien foar it suden. Nettsjinsteande dat de provinsje ien wie, waarden it noarden en suden apart behannele en libbe der it idee om de provinsje fannijs op te spjalten. Dat barde yn 1840 doe't Hollân opspjalte waard yn Noard- en Súd-Hollân, om't de provinsje Hollân te dominant waard yn befolking, grutte en woltierigens. Yn de lette 20e en iere 21e iuw giene der fiif gemeenten oer nei de provinsje Utert; Aldewetter yn 1970, Woerden yn 1989, Fianen yn 2002 en Leardam en Zederik yn 2019.

It graven fan de Nije Wetterwei yn 1863 betsjutte it úteinsetten fan it groeien fan de Haven fan Rotterdam. Op 14 maaie 1940 yn de Twadde Wrâldkriich waard it sintrum fan Rotterdam folslein ferneatige troch in bombardemint.

Yn 1953 waard it suden fan Súd-Hollân troffen troch de Wettersneed fan 1953. Dêrnei it regear sette útein mei de Deltawurken, dy't foltôge waard mei it reekommen fan de Maeslantdaam yn 1997.

Geografy Súd-Hollân grinzget yn it westen oan de Noardsee, yn it noarden oan Noard-Hollân, yn it easten oan Utert en Gelderlân, yn it súdeasten oan Noard-Brabân en yn it suden oan Seelân. Mei útsûndering fan de dunerige oan de Noardseekust is de provinsje folslein flak, en bestiet foar in grut part út drûchmealde polders en oanmakke feangrûn. It midden en it westen fan de provinsje is part fan de Rânestêd, wylst lânbou yn it easten foarkomt, dy't heart ta it Griene Hert. It suden fan de provinsje bestiet út in nustje eilannen en binne part fan de Ryn-Maas-Skelde-delta. Foar statistyske doelen is de provinsje ferparte yn fjouwer regio's: Rijnmond, Súd, West en East.

De Dune- en Bollestreek is in regio yn it noardwesten, om Katwyk hinne, dy't út dunen en bollefjilden bestiet. Yn it suden op de eilannen is der benammen lânbou op klaai en sângrûn. Yn it easten is der greidlân op benammen feangrûn. By de Alde Ryn is der in kliber stêdlike gebieten fan Katwyk ôf oer Leien nei Alfen oan de Ryn nei Zoeterwoude. Ek it gebiet om De Haach hinne en om de Alde Maas en de Merwede hinne binne stêdlike gebieten. Dy lêste gebieten, de Haachlannen, de Rijnmond en de Drechtstêden foarmje de súdlike wjuk fan de Rânestêd.

It Nasjonaal Park De Biisbosk leit yn it súdeasten fan de provinsje. Oare regio's yn de provinsje binne: Alblasserwaard, Gouwestreek, Krimpenerwaard, Hoekske Waard, Rynstreek, Fiifhearelannen en it Westlân.

Untwikkeling ynwennertal

+ Untwikkeling ynwennertal yn Súd-Hollân Sintraal Buro foar de Statistyk Befolkingsûntjouwing Súd-Hollân 1960-2009, oproppen op 7 april 2010Folkstellings Folkstellings Súd-Hollân 1829-1971 Jier Ynwenners 1514 200.000 1829 479.000 1839 526.000 1849 563.400 1859 619.400 1869 688.200 1879 803.500 1889 949.600 1899 1.144.400 1909 1.390.700 1920 1.678.700 Jier Ynwenners 1930 1.957.600 1947 2.284.100 1960 2.697.894 1970 2.968.670 1980 3.083.555 1990 3.219.839 2000 3.397.744 2010 3.505.611 2020 3.708.696 2025 3.862.920

Gemeenten Súd-Hollân bestiet sûnt 2023 út 50 gemeenten.

Alblasserdam Albrandswaard Alfen oan de Ryn Barendrecht Boadegraven-Reeuwijk Capelle oan de Isel Delft Doardt Flaardingen Foarne oan See Goeree-Oerflakkee Gorkum Gouda De Haach (haadstêd) Hardinxveld-Giessendam Hendrik-Ido-Ambacht Hillegom Hoekske Waard Kaag en Braassem Katwyk Krimpen oan de Isel Krimpenerwaard Lansingerlân Leiderdorp Leidschendam-Foarburch Leien Lisse Maasslûs Midden-Delflân Molelannen Nieuwkoop Nissewaard Noardwyk Oegstgeest Papendrecht Pijnacker-Nootdorp Ridderkerk Rijswijk Rotterdam Skiedam Sliedrecht Teylingen Voorschoten Waddinxveen Wassenaar Westlân Zoetermeer Zoeterwoude Zuidplas Zwijndrecht

Keppelings om utens Webstee fan de provinsje Zuid-Holland, Plaatsengids Statistieken provincie Zuid-Holland, AlleCijfers

Kategory:Provinsje fan Nederlân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1840