Almelo is in stêd en gemeente yn de provinsje Oerisel, mei (. boarne: CBS), en mei in oerflak fan 69,40 km² (wêrfan 9,50 km² wetter). De gemeente Almelo is yn 1914 ûntstien út in fúzje fan 'e eardere gemeente Amt Almelo en Stêd Almelo.

Plakken De gemeente Almelo bestiet út ien stêd, 3 doarpen en trije buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Almelo dat ek it grutste plak is. Stêd Doarp Buorskip Almelo Aadorp Bavinkel Bornerbroek Deldenerbroek Mariaparochie Tusveld

Ferkear & ferfier Almelo leit oan de Rykswei 35 tusken Swol en Ynskedee en de Rykswei 1 fan Knooppunt Wettergraafsmar nei de grins mei Dútslân. Yn gemeente lizze ferskate spoarlinen, yn de gemeente binne twa stasjons, Stasjon Almelo en Stasjon Almelo de Riet.

Avesearfytspaad Yn 2009 waard in earste part fan de F35 realisearre. Dizze avesearfytspaad trochkrúst Twinte fan de Dútske grins oant de Sallânske Heuvelrêch by Nijverdal fia Ynskedee, Hengelo, Borne, Almelo en Wierden. Fan novimber 2019 ôf is der ek in ferbining mei Vriezenveen.

Kategory:Gemeente yn Oerisel Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1914