300px|thumb|Noard-Brabân (2021)
Noard-Brabân (Nederlânsk: Noord-Brabant) is in provinsje fan Nederlân, dy't as sadanich bestiet sûnt 1814. It hat ynwenners (, boarne: CBS) en in oerflak fan 5.082 km². De haadstêd fan de provinsje is De Bosk, mar it grutste plak is Eindhoven.
Geografy Noard-Brabân is in provinsje yn it suden fan Nederlân. De provinsje grinzet yn it noarden oan de Nederlânske provinsjes Súd-Hollân en Gelderlân, yn it westen oan Seelân, yn it easten oan Limburch, en yn it suden oan de Belgyske provinsjes Antwerpen en Limburch.
De provinsje is relatyf flak en bestiet út deksângebieten, trochsnien troch beekdellingen. Yn it noarden lizze de rivierklaaigebieten en yn it noardwesten binne noch restanten fan it eardere Hollandveen. De grins fan de provinsje wurdt yn it noarden foarme troch de rivier de Maas. In stikmannich stosân- en heidegebieten binne bewarre bleaun, lykas yn de Loonse en Drunense Duinen, de Strabrechtse Heide en de Kampina. Yn it easten fan de provinsje binne yn ferskate reservaten fan de Peel noch heechfeanrestanten te finen. De wettergebieten fan Noard-Brabân binne yn it noarden fan de provinsje te finen. Dêr lizze ûnder oaren de De Biisbosk en it Lân fan Heusden en Altena.
Skiednis Nei alle gedachten hawwe de Kelten de earste bewenners west fan Noard-Brabân. Nei it ferfarren fan de Romeinen waard it gebiet ynlive troch de Franken en ûnderdiel fan it Frankyske Ryk. Yn de midsiuwen kaam Noard-Brabân foar it grutste part by it hartochdom Brabân. Yn de rin fan de Tachtichjierrige Oarloch waard it dêrfan ôfspjalte en as generaliteitslân troch de Steaten-Generaal bestjoerd.
Untwikkeling ynwennertal 1850 – 393.000 1900 – 554.000 1960 – 1.485.000 1980 – 2.051.000 2000 – 2.356.000 2020 – 2.563.000 2025 – 2.664.000
Gemeenten Noard-Brabân is ferdield yn 56 gemeenten. De lêste gemeentlike weryndieling wie yn 2022.
Alphen-Chaam Altena Asten Baarle-Nassau Bergeijk Bergen op Soom Bernheze Best Bladel Boekel De Bosk (haadstêd) Boxtel Breda Cranendonck Deurne Dongen Drimmelen Eersel Eindhoven Etten-Leur Geertruidenberg Geldrop-Mierlo Gemert-Bakel Gilze en Rijen Goirle Halderberge Heeze-Leende Helmond Heusden Hilvarenbeek Laarbeek Lân fan Cuijk Loon op Zand Maashorst Meierijstêd Moerdijk Nuenen, Gerwen en Nederwetten Oirschot Oisterwijk Oosterhout Oss Reusel-De Mierden Roosendaal Rucphen Sint-Michielsgestel Someren Son en Breugel Stienbergen Tilburch Valkenswaard Veldhoven Vught Waalre Waalwijk Woensdrecht Zundert
Keppelings om utens Webstee fan de provinsje Noord-Brabant, Plaatsengids Statistieken provincie Noord-Brabant, AlleCijfers
Kategory:Provinsje fan Nederlân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1814