300px|thumb|Utert (2019)
Utert (Nederlânsk: Utrecht) is in provinsje fan Nederlân, dy't as sadanich bestiet sûnt 1814. It hat ynwenners (, boarne: CBS), en in oerflak fan 1.560 km².
Geografy Utert is de lytste provinsje fan Nederlân. Yn it flakke westen fan de provinsje leit in grut feangreidegebiet, yn it easten leit de Utertske heuvelrêch mei stowâlen, bosken en greiden. Yn it noardwesten fan de provinsje lizze ferskate wettergebieten lykas de Loosdrechtse Plassen en de Vechtstreek.
De provinsje leit sintraal yn Nederlân en grinzet oan de provinsje Súd-Hollân yn it súdwesten, Noard-Hollân yn it noardwesten en Gelderlân yn it easten en suden. De stêd Utert leit yn it midden fan de provinsje mei forinzeplakken lykas Nieuwegein en Houten. Eastlik fan de heuvelrêch lizze de grutte plakken Amersfoart en Veenendaal.
Untjouwing ynwennertal 1850 – 153.000 1900 – 254.000 1960 – 677.000 1980 – 895.000 2000 – 1.108.000 2020 – 1.355.000 2025 – 1.409.000
Gemeenten Utert bestiet sûnt 2011 út 26 gemeenten.
Aldewetter Amersfoart Baarn Bunnik Bunschoten De Bilt De Rûne Feanen Fiifhearelannen Houten Eemnes Iselstein Leusden Lopik <li> Montfoort <li> Nieuwegein <li> Renswoude <li> Rhenen <li> Seist <li> Soest <li> Stichtske Fecht <li> Utert (haadstêd) <li> Utertske Heuvelrêch <li> Veenendaal <li> Woudenberg <li> Woerden <li> Wyk by Duerstede
Keppelings om utens Webstee fan de provinsje Utrecht (provincie), Plaatsengids Statistieken provincie Utrecht, AlleCijfers
Kategory:Provinsje fan Nederlân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1814