300px|thumb|Gelderlân (2019) Gelderlân (Nederlânsk: Gelderland) is in provinsje fan Nederlân, en bestiet as sadanich sûnt 1814. It hat ynwenners (, boarne: CBS), en in oerflak fan 5.136 km². De haadstêd is Arnhim. De grutste stêd is Nimwegen. De lytsere stêden fan betsjutting binne Apeldoarn, Sutfen, Harderwyk, Tiel en Doetinchem.

Skiednis De provinsje hearde tusken 1339 en 1795 ta it Hartochdom Gelre, offisjeel "hertogdom Gelre en graafschap Zutphen". It histoaryske hartochdom omfette yn it hjoeddeistige Nederlân alhiel Gelderlân en Noard-Limboarch. De stêd Geldern, dêr't it hartochdom syn namme fan krige, leit yn it distrikt Kleef, yn 'e Neder-Rynregio fan 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen, dat bûten it hjoeddeiske Nederlân. Sels foar de Frânske besetting (fan 1795 ôf) hearde Gelderlân ta de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen en wie it it ienige gebiet dat himsels in hartochdom neame mocht. Gelre wie ferdield yn fjouwer kertieren, tegearre foarmen se de Steaten fan de Kertieren.

Geografy De provinsje leit tusken yn it suden Limburch en Noard-Brabân, yn it westen Súd-Hollân en Utert, yn it noarden Flevolân en Oerisel, en yn it easten leit de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen.

Gelderlân kin geakundich yn de neikommende regio's opdield wurde: de Feluwe, de Gelderske Fallei, de Betuwe, de Liemers it Ryk fan Nimwegen en de Achterhoeke. De grutste rivier is de Ryn. Yn Gelderlân ûntspringe fanút de Ryn de Waal en de Isel. De Maas is de grinsrivier mei Noard-Brabân. De heuvel Signaal Imbosch is mei 109,9 meter it heechste punt fan 'e provinsje.

Untwikkeling ynwennertal 1850 – 365.000 1900 – 567.000 1960 – 1.267.000 1980 – 1.694.000 2000 – 1.919.000 2020 – 2.086.000 2025 – 2.161.000

Gemeenten Gelderlân bestiet sûnt 2019 út 51 gemeenten.

Aalten Apeldoarn Arnhim (haadstêd) Barneveld Berg en Dal Berkelland Beuningen Bronckhorst Brummen Buren Culemborg Doesburch Doetinchem Druten Duiven Ede Elburch Epe Ermelo Hattem Heerde Heumen Harderwyk Lingewaard Lochem Maasdriel Montferland Neder-Betuwe Nijkerk Nimwegen Nunspeet Oldebroek East Gelre Alde Iselstreek Overbetuwe Putten Renkum Rheden Rozendaal Sâltbommel Skerpenseel Sutfen Tiel Voorst Wageningen West Betuwe West Maas en Waal Westervoort Wijchen Winterswyk Zevenaar

Keppelings om utens Webstee fan de provinsje Gelderland, Plaatsengids Statistieken provincie Gelderland, AlleCijfers

Kategory:Provinsje fan Nederlân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1814