Drinte (Nederlânsk: Drenthe) is in provinsje fan Nederlân en waard oprjochte yn 1814. Drinte hat ynwenners (, boarne: CBS) en in oerflak fan 2.680 km².
Geografy Drinte grinzet yn it noarden oan de provinsje Grinslân, yn it easten oan Dútslân, yn it suden oan de provinsje Oerisel en yn it westen oan de provinsje Fryslân. 250px|left|thumb|Drinte (2019)
It grutste part fan de provinsje is op it saneamde Drents Plateau, dat bestiet út mei sân bedutsen grint - en sânôfsettings út de foarlêste iistiid. Drinte leit yn it noardeasten fan it lân.
It sintrale en justsjes heger lizzend diel fan 'e provinsje wurdt foarme troch sângrûnen. Dêr binne it eskdoarpelânskip mei brinkdoarpen, esken, heidefjilden te finen en yn 'e beekdellingen lizze de greidlannen. De legere dielen oan 'e grinzen fan de provinsje besteane út feangrûn. Yn 'e midsiuwen begûn de turfwinning, healwei de tweintichste iuw wie it dien mei de turfwinning. Yn it fruchtbere en goed ûntwettere lânbougebiet dat troch de turfôfgravingen ûntstie waard lânbougrûn.
Twa gebieten binne noch net yn kultuer brocht: de Bargerfean yn it uterste súdeasten fan Drinte en it Fochtelerfean yn it noardwesten op de grins mei Fryslân. Drinte is fierders bekend om syn wide heidegebieten en keppels skiep. It natoerbehear leit foar in part by natoerorganisaasje Het Drentse Landschap.
Untwikkeling ynwennertal 1850 – 83.000 1900 – 149.000 1960 – 311.000 1980 – 418.000 2000 – 470.000 2020 – 494.000 2025 – 507.000
Gemeenten Drinte bestiet sûnt 1998 út 12 gemeenten. Aa en Hunze Assen (haadstêd) Borger-Odoorn Coevorden Emmen Hoogeveen Meppel Midden-Drinte Noardenfjild Tynaarlo Westerfjild De Wolden 250px|right|Gemeenten in Drinte
Keppelings om utens Webstee fan de provinsje Drenthe, Plaatsengids Statistieken provincie Drenthe, AlleCijfers
Kategory:Provinsje fan Nederlân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1814