Foarfallen maaie 17 - It Departemint Alaska, in ûnorganisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten, wurdt bestjoerlik herfoarme ta it Distrikt Alaska. july 30 - Marten Cornelis Banning, Tjerk Douwes Hiemstra en Hein Doedes Postma winne yn Frjentsjer de 33ste PC. Hein Doedes Postma wurdt útroppen ta kening. septimber 23 - Herman Hollerith patintearret syn meganyske optelmasine. oktober 13 - it Ynternasjonale meridiaankongres wiist de meridiaan fan Greenwich oan as ynternasjonale nulmeridiaan. novimber 16 - De Amerikaanske presidint Chester A. Arthur rjochtet it Tongue River Yndianereservaat op. Dêrmei krije de Noardlike Sjajinnen in eigen reservaat yn harren heitelân Montana, dêr't se ûnder de Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen hinne weromkeard binne nei't se earder nei it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma) deportearre wiene. datum ûnbekend - Charles Renard en Arthur Krebs bouwe La France, it earste wier bestjoerbere loftskip.

Berne febrewaris 6 - Tjeerd Bottema, Frysk keunstskilder en grafikus († 1978) 9 - Carel Gerretson (Geerten Gossaert), Nederlânsk skiedkundige, politikus en dichter († 1958) 12 - Marie Vassilieff, Russysk-Frânsk keunstskilderesse († 1957) 14 - Alfred Ost, Flaamsk keunstskilder († 1945) 22 - Roelofje Akkerman-Huisman, Aldste persoan fan Fryslân († 1992) maart 14 - Albert Egges van Giffen - Nederlânsk argeolooch († 1973) maaie 6 - Anne Veenbaas, feearts († 1939) 8 - Harry Truman, presidint fan 'e Feriene Steaten († 1972) 27 - Max Brod, Tsjechysk-Israelysk skriuwer († 1968) juny 10 - Minne Hoekstra, Frysk maratonrider en earste alvestêdetochtwinner († 1941) 10 - Hoatse de Jong, Frysk skriuwer († 1982) 13 - Burrill Crohn, Amerikaansk gastro-enterolooch († 1983) 13 - Anton Drexler, Dútsk politikus († 1942) 20 - Johannes Heinrich Schultz, Dútsk neurolooch († 1970) augustus 12 - Annie Catharina Kleefstra, Frysk ynstitútdirekteur († 1977) septimber 21 - Gerben van Manen, arsjitekt en mei-oprjochter fan de SKS († 1969) 22 - József Rády, Hongaarsk skermer († 1957) oktober 5 - Ferdinand Bordewijk, Nederlânsk skriuwer († 1965) 9 - Douwe Wijbrands, Frysk wrakseler († 1970) novimber 8 - Hermann Rorschach, Switsersk psycholooch († 1922) desimber 18 - Janke Goslinga, Frysk moardner († 1969) 19 - Stanley Unwin, Ingelsk útjouwer († 1968) 20 - Max Blokzijl, Nederlânsk sjonger en sjoernalist († 1946) 27 - Pierpont Davis, Amerikaansk siler en arsjitekt († 1953)

Ferstoarn 6 jannewaris - Gregor Mendel, Eastenryksk genetikus (* 1822) 1 febrewaris - Rients Yntema, Frysk keatser (* 1831) 5 april - Kraaiekening (Crow King), opperhaad fan 'e Lakota (* 18??) 12 maaie - Bedřich Smetana, Tsjechysk komponist (* 1824) 21 juny - kroanprins Aleksander fan de Nederlannen (* 1851) 10 july - Paul Morphy, Amerikaansk skaker (* 1837) 1 july - Allan Pinkerton, Amerikaansk detektive (* 1819) 10 july - Karl Richard Lepsius, Dútsk egyptolooch (* 1810) 31 july - keizer Kiến Phúc fan Fjetnam (* 1869) 3 augustus - Paul Abadie, Frânsk arsjitekt (* 1812) 11 augustus - Cornelis Philippus Hofstede de Groot, Nederlânsk teolooch (* 1829) 20 septimber - Leopold Fitzinger, Eastenryksk biolooch (* 1802) 22 septimber - William Philo Clark, Amerikaansk militêr en taalkundige (* 1845) 16 oktober - Benjamin Alvord, Amerikaansk wiskundige (* 1813) 18 oktober - Willem, hartoch fan Breunswyk (* 1806) 11 novimber - Alfred Brehm, Dútsk soölooch, ornitolooch en publisist (* 1829) 25 novimber - Hermann Kolbe, Dútsk skiekundige (* 1818) 13 desimber - Anne Meines, Frysk politikus (* 1814) 28 desimber - Gerben Colmjon, Frysk taalkundige, argivaris en oersetter (* 1828)

Boukeunst 6 desimber - It Washington Monumint klear It Frijheidsbyld wurdt boud Begjin fan de bou fan it Ryksdeigebou It Dakotagebou in New York wurdt boud

Kategory:19e iuw