Foarfallen jannewaris 8 - Amerikaanske troepen ferslane de Lakota en de Noardlike Sjajinnen yn 'e Slach by Wolf Mountain, it lêste grutte treffen fan 'e Grutte Sû-Oarloch. febrewaris 12 - Alexander Graham Bell lit de wurking fan de tillefoan sjen oan it publyk mei in ferbining tusken Boston en Salem, MA. april 28 - Yn Rotterdam wurdt de Willemsspoarbrêge oer de Nije Maas yn gebrûk naam. maaie 5 - It Lakota-opperhaad Mâl Hynder jout him te Fort Robinson, yn Nebraska, oer oan 'e Amerikanen. 7 - Yn súdlik Montana fynt de Slach by Little Muddy Creek plak. Dizze skermutseling is de lêste wapene konfrontaasje fan 'e Grutte Sû-Oarloch. july 9 - Yn Wimbledon, in foarstêd fan Londen, wurdt de earste edysje fan it Tennistoernoai fan Wimbledon iepene. augustus 1 - Jan Eeltjes Bonnema, Sjirk de Wal en Johannes Donia winne yn Frjentsjer de 26ste PC. 11 - De astronoom Asaph Hall ûntdekt de earste moanne fan Mars: Fobos. 12 - De astronoom Asaph Hall ûntdekt de oare moanne fan Mars: Deimos. novimber 21 - Thomas Edison toant syn nijste útfining, de fonograaf, de foarrinner fan de grammofoan. datum ûnbekend maaie - De Ponka wurde troch it Amerikaanske Leger út harren heitelân yn Nebraska nei it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma) deportearrre.
Berne 12 febrewaris - Louis Renault, Frânsk autofabrikant († 1944) 26 maaie - Jacob Nieweg, Frysk keunstskilder († 1955) 5 juny - Johan Willem Albarda, Nederlânsk politikus († 1957) 7 juny - Roelof Klein, Frysk roeier († 1960) 18 juny - Thijs Rinsema, Frysk skuonmakker en keunstner († 1947) 27 augustus - Charles Rolls, Ingelsk auto- en fleantúchpionier († 1910) 14 septimber - S.H. de Roos, Frysk letter- en boekbânûntwerper en keunstner († 1962) 29 septimber - Rommert Casimir, Frysk opfiedkundige en ûnderwiisfernijer († 1957) 24 novimber - Sjoerd Veltman, Frysk ûndernimmer en tsjerkebestjoerder († 1952) datum ûnbekend Samson Beaver, Kanadeesk gids († nei 1908)
Ferstoarn 4 jannewaris - Cornelius Vanderbilt, Amearikaanske ûndernimmer (* 1794) 4 maart - Hendrik van Rijgersma, Frysk dokter, botanikus, soölooch (* 1835) 6 maaie - Johan Ludvig Runeberg, Finske skriuwer (* 1804) 7 maaie - Kreupel Hart (Lame Deer), opperhaad fan 'e Lakota (* 18??) 5 septimber - Mâl Hynder (Crazy Horse), opperhaad fan 'e Lakota (* 1840) 3 oktober - Jurjentje Aukes Rauwerda, Nederlânsk bordeelhâldster en madam (* 1812) datum ûnbekend Inkele Hoarn (Lone Horn), opperhaad fan 'e Lakota (* 1790)
Byldzjende Keunst
Boukeunst
Kategory:19e iuw