Foarfallen jannewaris 9 - Nei't se te hearren krigen hawwe dat se weromstjoerd wurde sille nei it Yndiaanske Territoarium (it lettere Oklahoma), dogge de Noardlike Sjajinnen dy't fêstholden wurde yn Fort Robinson, yn Nebraska, in bloedich besykjen om út te brekken. Dit is it begjin fan it saneamde Bloedbad fan Fort Robinson. 22 - By Hat Creek Bluff berikt it Bloedbad fan Fort Robinson in hichtepunt, as it Amerikaanske Leger in groep fan 32 Noardlike Sjajinnen ynslút en ûnder it folgjende gefjocht 24 Yndianen de dea fine. 22-23 - Yn it ramt fan 'e Sûlû-Oarloch hâldt yn 'e Slach by Rorke's Drift yn Natal it lytse Britske garnizoen fan 'e missypost Rorke's Drift stân tsjin in belegering troch in oermacht oan Sûlû-krigers. maaie 1 - It Frysk Hynstestamboek wurdt oprjochte. 12 - Yn 'e opsjochjaande rjochtsaak Standing Bear v. Crook, dy't oanspand wie troch it Ponka-opperhaad Steande Bear tsjin 'e Amerikaanske oerheid yn 'e persoan fan brigadegeneraal George Crook, docht de rjochter Elmer S. Dundy de útspraak dat Yndianen wol deeglik as 'persoanen' ûnder de Amerikaanske wet beskôge wurde kinne, en dat se dêrom net sûnder wetlik ûnderbouwing oppakt wurde meie. july 30 - Tjerk Douwes Hiemstra, Wiebe Pieters Steensma en Rein van de Witte winne yn Frjentsjer de 28ste PC. novimber 4 - Thomas Alva Edison freget oktroai oan op 'e gloeilampe. datum ûnbekend - It Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse stelt de Selskipsstavering fêst, de earste standertstavering fan it Frysk. - De Sweed Adolf Erik Nordenskiöld fart as earste Europeaan troch de Noardeastlike trochfeart. - Somerville College waard oprjochte.

Berne maart 14 - Albert Einstein, Dútsk-Amerikaansk natuerkundige († 1955) 15 - François Jaffrennou, Bretonsk dichter en aktivist († 1956) 30 - Coen de Koning, Nederlânsk hurdrider en alvestêdetochtwinner († 1954) july 3 - Alfred Korzybski, Poalsk-Amerikaansk taalkundige († 1950) 22 - Tietse Pieter Sevensma, Frysk bibletekaris, skriuwer en redakteur († 1966) septimber 28 - Andries Gaastra, grûnlizzer fan it Batavusfabryk († 1945) desimber 6 - Rudolf Gundersen, Noarsk reedrider († 1946) 18 - Josef Stalin, Georgysk-Russysk politikus en lieder fan 'e Sovjet-Uny († 1953)

Ferstoarn 19 maart - Jan Ottema, Frysk klassikus en skiedkundige (* 1804) 16 april - Bernadette Soubrious, Frânsk hillige (* 1844) 23 april - Willem Engelbart Engelen, Frysk jurist, politikus en bestjoerder (* 1817) maaie - Bizonkeallepaadfrou (Buffalo Calf Road Woman), froulik kriger fan 'e Noardlike Sjajinnen (* 1850-er jierren) 29 maaie - Pieter Benjamin Vegilin van Claerbergen, Frysk politikus en grytman (* 1808) 17 septimber - Eugène Emmanuel Viollet-le-Duc, Frânsk arsjitekt (* 1814) 5 novimber - James Maxwell, Skotsk wis- en natuerkundige (* 1831) 6 desimber - Marten Jans van Houten, Frysk evangelist en mystikus (* 1801) datum ûnbekend Heal Giel Gesicht (Half Yellow Face), Kriesk ferkenner yn 'e tsjinst fan it Amerikaanske Leger (* 1830)

Literatuer toaniel Henrik Ibsen, Et Dukkehjem (oerset yn it Frysk as In Poppehûs) Georg Büchner, Woyzeck (oerset yn it Frysk as Woyzeck)

Kategory:19e iuw