Foarfallen jannewaris 1 - Der wurdt in begjin makke mei it Panamakanaal 27 - Thomas Edison kriget oktroai op de gloeilampe. juny 29 - Kening Pōmare V fan Tahity docht ôfstân fan 'e troan en fermakket it Keninkryk Tahity oan Frankryk. It gebiet wurdt fan no ôf oan in Frânske koloanje. augustus 4 - Jan Eeltjes Bonnema, Jelle Hilbrands Bruinsma en Sjirk de Wal winne yn Frjentsjer de 29ste PC. septimber 9 - Frankryk stichtet yn West-Afrika oan de bopperin fan de Senegal de koloanje dy't letter Maly hjitte soe. oktober 20 - De Frije Universiteit Amsterdam wurdt oprjochte. novimber 9 - De Kroätyske stêd Zagreb en omkriten, yn Eastenryk-Hongarije, wurde troffen troch de swiere ierdbeving fan Zagreb. Wûnder boppe wûnder komt dêrby mar ien persoan om it libben, hoewol't tûzenen gebouwen skansearre reitsje of alhiel ferwoastge wurde. desimber 18 - De Boeren út Transvaal roppe ûnder lieding fan Paul Kruger de republyk út, dat oarloch mei de Ingelsen ta gefolch hat. datum ûnbekend - De Vereniging tegen de Kwakzalverij wurdt oprjochte yn Nederlân. - De Hondsbossche Zeewering wurdt oanlein. - It skip de USRC Thomas Corwin, mei funksjonarissen fan 'e Amerikaanske oerheid, docht it eilân St. Lawrence yn 'e Beringsee oan, dat diel útmakket fan it Departemint Alaska. Der wurdt fêststeld dat fan 'e oerbleaune 1.500 Eskimo's op it eilân de ôfrûne twa jier omtrint 1.000 omkommen binne by de hongersneed op St. Lawrence.
Berne jannewaris 6 - Hendrik Kersken, Nederlânsk siler († 1967) 18 - Paul Ehrenfest, Eastenryksk natuerkundige († 1933) 24 - Jarich van der Wielen, Frysk politikus en bestjoerder († 1950) 26 - Douglas MacArthur, Amerikaansk generaal († 1964) 29 - W.C. Fields, Amerikaansk akteur († 1946) febrewaris 12 - Just Havelaar, Nederlânsk skilder en skriuwer († 1930) juny 11 - Jeannette Rankin, Amerikaansk politika († 1973) augustus 28 - Evert Rinsema, skuonmakker, skriuwer en dichter († 1958) 31 - keninginne Wilhelmina fan de Nederlannen († 1962) novimber 28 - Aleksander Blok, Russysk dichter († 1921) desimber 31 - George Marshall, Amerikaansk politikus, nammejouwer fan it Marshallplan († 1959)
Ferstoarn 8 jannewaris - Joshua Norton, Amerikaansk ûndernimmer dy't himsels útrôp ta 'keizer fan de Feriene Steaten' (* 1819) 12 febrewaris - Wopke Eekhoff, Frysk skiedkundige, argivaris en útjouwer (* 1809) 23 maart - Eelco Verwijs, Nederlânsk taalkundige en argivaris-bibliotekaris (* 1830) 7 maaie - Gustave Flaubert, Frânsk skriuwer (* 1821) 17 augustus - Ole Bull, Noarsk komponist (* 1810) 4 desimber - Hessel Brandenburgh, Frysk boekdrukker-útjouwer (* 1795) 22 desimber - George Eliot (Mary Ann Evans), Ingelsk skriuwster (* 1819).
Literatuer romans Fjodor Dostojevski, De Bruorren Karamazov
Boukeunst
Kategory:19e iuw