Foarfallen maart 6 - Yn in fleanende stoarm fergie de fiskersfloat fan Peazens-Moddergat. Santjin skippen fergiene en 83 fiskers ferlearen derby it libben. april 13 - Alfred Packer wurdt skuldich fûn oan kannibalisme. 16 - Paul Krüger wurdt presidint fan Transvaal. 23 - Beëdiging fan it Kabinet-Heemskerk Azn. july 1 - Yn Utert wurdt de Nederlandsche Vélocipèdisten-Bond oprjochte mei earst 200 leden. 16 - Iepening fan it earste part, Ljouwert - Snits, fan it spoar fan Ljouwert nei Starum. augustus 1 - Klaas Willems Boorsma, Auke Miedema en Sjirk de Wal winne yn Frjentsjer de 32ste PC. Auke Miedema fan Sweins wurdt as earste útroppen ta kening fan dy keatspartij. 27 - By de útbarsting fan de fulkaan Krakatau ûntstiet in tsûnamy, dêr't mear as 36.000 minsken it libben by litte.
Berne febrewaris 25 - Clarence Addison Dykstra, Amerikaansk heechlearaar, politikus en ûnderwiisbestjoerder († 1950) maaie 20 - kening Faisal I fan Irak († 1933) juny 2 - Bokke R.S. Pollema, Frysk skriuwer († 1948) july 3 - Franz Kafka, Tsjechysk skriuwer († 1924) septimber 17 - William Carlos Williams, Amerikaansk dichter en skriuwer († 1963) oktober 4 - Tjeerd Wiebrens Kooistra, Frysk keatser († 1961) novimber 29 - Murk Boerstra, Frysk generaal († 1953) desimber 19 - Louis Davids, Nederlânsk kabaretier en revu-artyst († 1939) 21 - Moje Öholm, Sweedsk reedrider († 1954)
Ferstoarn 13 febrewaris - Richard Wagner, Dútsk komponist (* 1813) 14 maart - Karl Marx, Dútsk filosoof en grûnlizzer fan it marxisme (* 1818) 30 april - Edouard Manet, Frânsk keunstskilder (* 1832) datum ûnbekend Stomp Mês (Dull Knife), opperhaad fan 'e Noardlike Sjajinnen (* 1810)
Literatuer Friedrich Nietzsche, Also Sprach Zarathustra (yn it Frysk oerset as Dat Sei Zarathustra) Robert Louis Stevenson, Treasure Island
Byldzjende keunst
Boukeunst
Kategory:19e iuw