De namme Donatus kin ferwize nei:

Kristlike hilligen: Donatus fan Arezzo, berne om 300 yn Nikomeedje; † 362), martler, beskermhillige fan Arezzo en twadde biskop fan 'e stêd. Donatus fan Besançon (berne yn 594; † nei 656), aartsbiskop fan Besançon, sûnt de 11e iuw as hillige fereare. Donatus fan Evorea, (ferstoarn yn 387), biskop yn Epirus en hillige fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en Eastersk-Otterdokse tsjerken. Donatus fan Münstereifel, (berne om 140 n.Kr.; † foar 180), Romeinsk legeroanfierder, wurdt as katolike hillige fereare. Donatus fan Reims, (berne yn 'e 4e iuw, † yn 390), sânde biskop fan Reims en patroanhillige fan 'e stêd Brugge. Donatus fan Thmuis († 316), martler en biskop fan Thmuis (Egypte). Donatus fan Zadar († 811), earste biskop fan Zadar (Kroaasje) Donatus fan Fiesole (ek Donatus Scotus, † 876), biskop fan Fiesole (Toskane).