In Setduvelpuzel (Ingelsk: Printer's Devilry) is in type kryptyske krúswurdpuzel.
It puzeltype waard yn 1937 yntrodusearre troch de Britske puzelmakker Afrit (Alistair Ferguson Ritchie). Oars as by de puzels fan Ximenes (Derrick Somerset Macnutt) ha de oanwizingen gjin omskriuwing fan it antwurd. Yn stee dêrfan bestiet elke oanwizing út in sin dêr't in rige letters úthelle is. As it nedich is, krije ynterpunksje en wurdôfbrekkingen in nije, min ofte mear grammatikale sin. De taak fan de oplosser is om de ûntbrekkende letters te rekonstruearjen. Dizze letters foarmje in wurd of útdrukking dy't yn it diagram ynfolle wurde moat. thumb|Balkjesdiagram mei it oplossingswurd GEHAKBAL Skiednis Afrit syn earste Printer’s Devilry-puzel ferskynde op 2 juny 1937 yn ‘’The Listener’’ (puzel 377). De oarspronklike útlis wie: De diagramwurden binne komplete wurden dy’t oarspronklik ‘ferburgen’ wiene yn de oanwizingen. Nei alle gedachten hat de puzelmakker, dy't seach dat beskate opienfolgjende letters in wurd of wurden foarmen, dy fuorthelle en de lege romte opfolle. Soms waard dêrby wat mear frijheid nommen mei de spaasjes en lêstekens, mar de folchoarder fan de letters feroare net. Elke oanwizing befettet mar ien ûnderbrekking, en de diagramwurden litte de weilitten letters sjen yn harren oarspronklike folchoarder. Oare lettere puzelmakkers hawwe de foarm oernommen, wêrûnder Ximenes en Azed en hy is ek brûkt yn ‘mingde’ puzels mei ferskate soarten oanwizingen binnen ien puzel. Ximenes murk op dat Printer’s Devilry ien fan de populêrste net-gewoane puzeltypen wie. Hy publisearre trochstrings alle acht moannen in Printer’s Devilry, wylst oare bysûndere puzeltypen mar jierliks ferskynden.
Nammejouwing De puzelnamme ferwiist nei de term setduveltje (printer's devil), in âlde Ingelske term foar in learlingprinter. At der flaters yn it setsel slûpten, waard dat soms taskreaun oan 'de duvel'. Omdat de puzel draait om letters dy't ferdwine, gatten dy't tichtmakke wurde en sinnen dy't 'fergriemd' wurde, lykas in ûnhandich printersfeintsje (printer’s devil) earder flaters meitsje koe yn it setsel. Lykas it Fryske wurd 'setduveltsje' ferwiist nei in help by it setten fan printwurk.
Foarbylden Krekt as by in kryptogram hat de oerflakkige lêzing fan in setduvelpuzel-oanwizing neat mei it antwurd te krijen. In kryptyske krúswurdpuzel neffens de Ximeneaanske regels bestiet út wurdromte en in definysje. Ienfâldich foarbyld Azed joech de folgjende oanwizing: A galling remark – an effective riposte is difficult (7) It antwurd is ynfoege om in nije sin te foarmjen. Against a telling remark, an effective riposte is difficult. Om dizze sin te krijen, wurdt in spaasje ferwidere tusken "a" en "galling", wurde twa spaasjes taheakke oan "INSTATE" en wurdt it streekje ferfongen troch in komma.
Frysk foarbyld It hout te lang yn de ferkeap? Sûnder sa'ge ha'k balken heal om heal ferkocht. (8) wurdt It hout te lang yn de ferkeap? Sûnder sage ha’k balken heal-om-heal ferkocht. mei it oplossingswurd GEHAKBAL.
Kompleks foarbyld Ximenes murk op dat Printer’s Devilry-oanwizingen fariearje yn dreechheidsgraad. In drege oanwizing kin grutte feroaringen yn de sinsstruktuer easkje, lykas yn dit foarbyld fan Bernard Lacy: When he was dancing at the center, I could not see Jose like Tex, pens Esther. 'E were too high. (8) De sin moat oanpast wurde oant When he was dancing at the center, I could not see Jose Limon as ticket expenses there were too high mei as oplossingswurd MONASTIC. De oanwizing befettet meardere keunstmjittige wurdbreuken dy't pas logysk wurde wannear't it wurd MONASTIC ynfoege wurdt. De letters fan it antwurd ferskine altyd yn folchoarder en oaniensletten; de sin wurdt mar op ien plak ûnderbrutsen.
Faak foarkommende flaters De omskriuwingen yn setduvelpuzels kinne op it earste gesicht ûngrammatikaal of ûnsinnich lykje, mar de folsleine sin moat altyd logysk en natuerlik wêze. In faak foarkommende flater is it oarsom wurkjen: in sin betinke dy't fansels lêst, mar dy’t - kombinearre mei it antwurd - in ûnnatuerlike of netdiomatyske sin opsmyt. Ximenes bekritisearre bygelyks de folgjende oanwizing ''Do all the lines of travel cross in Galway? Slack supervision (6) It antwurd is MORALE, wat liedt ta Do all the lines of tram or a level crossing always lack supervision? Neffens Ximenes wie dizze sin sa ûnnatuerlik dat de oanwizing hast ûnoplosber wêze soe. De ûnnatuerlikheid fan 'e sin is krekt it probleem dat Ximenes bekritisearre. Ek wurdt it as swak beskôge wannear't de brek oan it begjin of ein fan in wurd stiet.
Kategory:Taalpuzel Kategory:Yntroduksje út 1937