Midnight's Children (Ingelsk, likernôch: "Bern fan 'e middernacht"), is in roman fan Ingelsktalige Yndyske skriuwer Salman Rushdie. It boek is yn 1981 útjûn troch Jonathan Cape yn Londen. It wie syn twadde roman en it waard syn grutte trochbraak. De fertelstyl kombinearret klassike Ingelske literatuer, Yndiaaske mûnlinge ferteltradysjes en magysk realisme, op in bysûndere manier.
Ynhâld De roman spilet him ôf yn Bombay. De haadpersoan is Saleem Sinai, in Yndiaaske jonge dy't berne wurdt om middernacht op 15 augustus 1947, krekt it stuit dat Yndia in ûnôfhinklike lân waard. Saleem is bejeftige mei de ûngewoane fermogen om telepatysk kontakt te meitsjen mei oaren dy't op datselde stuit berne binne.
Untfangst De roman krige in entûsjaste ûntfangst by publikaasje en waard bekroane mei de Booker Prize. Twa kear, yn 1993 en 2008, is it útroppen ta de bêste Booker Prize-winner fan alle tiden. It boek wurdt beskôge as in moderne klassiker. Yn 1999 waard Midnight’s Children opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw, en yn 2015 waard it troch The Guardian útroppen ta ien fan 'e 100 bêste romans fan alle tiden.
Kategory:Literêr wurk fan Salman Rushdie Kategory:Ingelsktalige roman Kategory:Roman út 1981 Kategory:Histoaryske roman Kategory:Magysk-realistyske literatuer Kategory:Postmoderne literatuer Kategory:Literatuer oer famyljerelaasjes Kategory:Literatuer oer Britsk-Ynje Kategory:Literatuer oer de Dieling fan Ynje Kategory:Werjefte fan Jawaharlal Nehru yn keunst en kultuer Kategory:Werjefte fan Indira Gandhi yn keunst en kultuer