De bastertearn (Clanga clanga, synonym: Aquila clanga) is in middelgrutte rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) yn it skift fan 'e haukeftigen (Accipitriformes).
Uterlik De bastertearn hat in kop-sturtlingte fan 59 oant 71 sentimeter en in wjukspanwiidte fan 155 oant 180 sm. It is in kompakte middelgrutte earn mei in koarte, rûne sturt en brede wjukken. De fûgel hat in hiel donkerbrún fearrekleed, dat benammen by folwoeksen fûgels yn it fjild faak swart liket. Op 'e stút is in wyt V-foarmich plak te sjen
Jonge fûgels hawwe opfallende wite plakken op 'e wjukdekfearren. Hy is yn 'e loft lestich te ûnderskieden fan 'e krytearn (Clanga pomarina), mar de bastertearn is wat grutter, donkerder en mist meastentiids de ljochtere kontrasten op 'e boppewjuk dy't de krytearn wol hat.
Fersprieding en biotoop De bastertearn is in trekfûgel mei in hiel grut ferspriedingsgebiet. Hy briedt yn in brede bân fan East-Jeropa (benammen Poalen, Wyt-Ruslân en de Oekraïne) dwers troch Ruslân oant it Russyske Fiere Easten en it noardeasten fan Sina.
Yn 'e hjerst lûkt de soarte nei it suden ta. De wichtichste oerwinteringsgebieten lizze yn it Midden-Easten, Noardeast-Afrika, it Yndyske subkontinint en Súdeast-Aazje. As doarmer wurdt de bastertearn ek wolris yn Fryslân sjoen.
Hy libbet benammen yn grutte en iensume wiete boskgebieten dy't grinzje oan sompen, feanlannen, rivierdellingen of wiete gerslannen dêr't er siket nei proaien.
Hâlden en dragen De bastertearn jaget foaral op lytse sûchdieren lykas mûzen en rotten, mar fangt ek in soad wetterfûgels, amfibyen, reptilen en grutte ynsekten. Soms yt er ek ies, benammen winterdeis.
It nêst wurdt fan tûken yn in hege beam boud, faak tichtby it wetter. It lechsel bestiet meastentiids út 1 oant 2 aaien. Lykas by de krytearn komt ek by de bastertearn 'kaïnisme' foar, wêrby't de âldste pyk de jongere pyk deadet, sadat der oer it generaal mar ien jong grutbrocht wurdt.
Status De bastertearn wurdt troch de IUCN klassifisearre as IUCN-status kwetsber (Vulnerable). Hoewol't it ferspriedingsgebiet ûnbidich grut is, binne de oantallen oeral relatyf leech en nimt de wrâldwide populaasje stadichoan ôf. De grutste bedrigings foarmje it drûglizzen fan wiet lân, it kappen fan âlde bosken, de fersteuring fan nêstplakken en yllegale jacht op 'e trek. In rûzing fan 2021 giet út fan in wrâldpopulaasje fan 3.900 oant 10.000 folwoeksen fûgels.
Kategory:Krytearn Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje