De keizerearn (Aquila heliaca) is in fûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). Sûnt de ôfspjalting fan 'e yn Spanje briedende Spaanske keizerearn (Aquila adalberti) wurdt dizze earn ek wol de eastlike keizerearn neamd.
Uterlik thumb|left|Kop fan 'e (eastlike) keizerearn De keizerearn is in grutte earn dy't 70 oant 83 sentimeter lang wurdt mei in wjukspanne fan 175 oant 205 sm. Wyfkes binne wat grutter as mantsjes. In folwoeksen keizerearn is swartbrún mei in ljochte, gielbrune kop en nekke. Opfallend is it wite plak op it skouder (mar net op 'e wjuk lykas by de Spaanske keizerearn). De sturt is bandearre en hat in brede, donkere einbân. In keizerearn kriget nei fiif jier it folwoeksen fearrekleed. As juvenyl hat de soarte yn 'e ferskillende stadia fan it fearrekleed in soad fan 'e keningsearn (Aquila chrysaetos). Trochstrings hat de keizerearn in koartere sturt.
Fersprieding en biotoop Keizerearnen briede fan Súdeast-Europa oant en mei Mongoalje en oerwinterje fan 'e Nyldelling ôf oant yn streken yn Súd- en East-Aazje.
It biotoop bestiet út in iepen agrarysk lânskip mei beamgroepen, ôfwiksele troch steppegebieten yn it leechlân. Troch ferfolging is dizze earn yn it easten fan syn ferspriedingsgebiet weromkrongen oant yn berchgebieten oant op 1000 meter boppe de seespegel mei montaan bosk. Yn Nederlân is de fûgel in tige seldsume swalker.
Status De hjoeddeistige trend fan dizze wiidfersprate soarte is net wis, mar der wurdt fan útgien dat er stadichoan efterútgiet. Tusken 1970 en 1990 naam de populaasje troch habitatferlies en ferfolging rap ôf, wêrnei't de ôfname yn 'e jierren 1990 en iere jierren 2000 wat belune. De soarte hat in lange generaasjedoer (sawat 18 jier) en de populaasje (neffens rûzing fan 2020 sawat 16.000 oant 20.000 folwoeksen bisten) bliuwt in stik lytser as trije generaasjes lyn. Fanwegen de rappe ôfname tusken 1970 en 2000, wurdt der tocht dat de totale ôfname fan 1971 oant 2025 30 oant 49% west hat.
Yn Jeropa wurdt de populaasje rûsd op 1.900 oant 3.000 briedpearen. Dat komt oerien mei 3.900 oant 6.000 folwoeksen bisten (BirdLife International 2021). Europa foarmet likernôch 30% fan it totale briedgebiet. De hiele wrâldpopulaasje wurdt op 16.000 oant 20.000 folwoeksen bisten rûsd.
Bedrigingen binne feroarings yn syn libbensgebiet, lykas it ferdwinen fan grutte, âlde beammen en it oergean op yntinsivere lânbou, wêrtroch't ek it bestân oan proaidieren, lykas de sisel (Spermophilus citellus), ôfnimt. Dêrnjonken stjerre fûgels troch botsings mei elektrisiteitstriedden en is der yllegale jacht op en hannel yn dizze grutte rôffûgels. Dêrfandinne hat de keizerearn de status kwetsber op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte earn Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje