De fiskearnen (Pandion) foarmje in skaai fan rôffûgels. It is it iennige skaai yn 'e monotypyske famylje fan 'e fiskearnfûgels (Pandionidae). De fûgels út dit skaai binne folslein spesjalisearre yn it fangen fan libbene fisk.

Taksonomy De wittenskiplike namme Pandion ferwiist nei de mytyske kening Pandion fan Atene.

Wat de libbene fauna oanbelanget is it skaai monotypysk; it bestiet út mar ien soarte: de fiskearn (Pandion haliaetus). Hoewol't de Australyske of Easterske fiskearn (P. h. cristatus) troch guon autoriteiten lykas IOC World Bird List en BirdLife International/IUCN in skoft as in aparte soarte beskôge is, wurdt dizze hjoed-de-dei troch de IOC World Bird List en oare grutte checklisten wer algemien as in ûndersoarte beskôge.

Dêrnjonken is der út it fossile ferline noch ien útstoarne soarte bekend: Pandion homalopterus.

Skaaimerken Fiskearnen hawwe unike oanpassingen foar it libben by it wetter. Harren fearren binne tige ticht en fet, sadat se net maklik wiet wurde as de fûgel yn it wetter dûkt. De poaten hawwe rûge, skobbige kessens ûnder de teannen en de klauwen binne hiel rûn en skerp om glêde fisken fêst te hâlden. In oar skaaimerk is dat de bûtenste tean nei efteren draaid wurde kin, sadat de fûgel in fisk mei twa teannen nei foaren en twa nei efteren fêsthâlde kin.

Soarten It skaai omfettet de folgjende twa libbene soarten: Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding IUCN-status 100px Fiskearn Pandion haliaetus Oer de hiele wrâld útsein Antarktika en Austraalje net bedrigePandion haliaetus op BirdLife (Fossyl) † Pandion homalopterus † Pandion homalopterus Utstoarn (fûn yn Noard-Amearika) útstoarn

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Fiskearnfûgel