De Sint-Donatuskatedraal (Nederlânsk: Sint-Donaaskathedraal) wie in foarname tsjerke yn 'e Belgyske stêd Brugge. As hôftsjerke fan 'e greven fan Flaanderen wie de kollegiale Sint-Donatustsjerke de wichtichste tsjerke fan 'e stêd. It gebou stie op 'e omwâle boarch, foar it stedshûs oer en njonken de residinsje fan 'e greve. De tsjerke waard de Sint-Donatuskatedraal doe't yn 1559 it bisdom Brugge oprjochte waard en hold dy status oant de ein fan it ancien régime yn 1795. De tsjerke wie ferneamd nei har patroanhillige, Donatus fan Reims. Nei 1799 waard de tsjerke folslein ôfbrutsen.
Skiednis De earste spoaren fan in tsjerke by it kastiel stamme út 944, doe't greve Arnulf I dêr in achthoekige kapel bouwe liet neffens it foarbyld fan 'e Dom fan Aken. Yn 't earstoan wie de kapel wijd oan Us-Leaffrou. De bonken fan Donatus, dy't oarspronklik begroeven lei yn Corbie (tichteby Amiens), waarden letter oerbrocht nei Torhout. Yn 'e 9e iuw joech Karel de Keale de reliken oan greve Boudewyn I fan Flaanderen, dy't se yn 863 oerbrocht nei syn kastiel oerbrocht.
Al gau nei de bou, om it jier 950 hinne, stifte de greve in eigen kapittel (in kolleezje fan geastliken) oan 'e kapel, wêrtroch't it de status fan in kollegiale tsjerke krige. Ek de reliken fan Sint-Donatus kamen yn 'e tsjerke fan greve Arnulf telâne en de tsjerke krige de namme Sint-Donatustsjerke.
thumb|left|Ynterieur fan 'e katedraal.(Jan van Meunincxhove) Gunhilde fan Wesseks, dy't nei de Normandyske oermastering fan Ingelân nei Brugge ferhûze, joech kostbere reliken oan 'e Sint-Donatustsjerke, wêrûnder de mantel fan 'e hillige Brigitta fan Kildare. Yn 1127 waard yn dizze tsjerke de greve fan Flaanderen, Karel de Goede, fermoarde.
Oan 'e ein fan 'e 12e iuw waard de tsjerke fan greve Arnulf ferfongen troch in romme romaanske krústsjerke mei in middentoer, in kleastergong en kapittelgebouwen. It haadskip en de sydskippen, dy't yn 'e 14e iuw boud waarden, waarden yn 'e goatyske styl boud.
It kapittel behearde de tsjerke en bestie út in proast, in deken en tolve kanunniken (koarhearen), in oantal dat yn 'e rin fan 'e tiid útwreide waard nei 31. Dêrmei hearde it ta de gruttere sekuliere kapittels yn 'e Nederlannen. Oan it kapittel wiene ferskate komponisten fan 'e Flaamske Skoalle ferbûn (wêrûnder Jacobus Vide).
Yn 1559 rjochte de paus mei de bul Super universas fjirtjin nije bisdommen op yn 'e Nederlannen, wêrûnder it bisdom Brugge. Dêrmei waard dizze monumintale tsjerke in katedraal.
Ôfbraak thumb|left|Affysje fan 'e iepenbiere ferkeap fan materialen nei de ôfbraak. Yn 1794, nei de twadde Frânske ynfal, flechte biskop Felix Brenart de stêd út en waard de katedraal as nasjonaal goed ûnteigene. Op 28 april 1799 waard it gebou iepenbier ferkocht en yn 'e jierren dêrnei hielendal ôfbrutsen. De katedraal waard nea wer opboud. In part fan it materiaal waard yn 1803 yn opdracht fan Charles Donny brûkt foar de bou fan it Kastiel Leysselbeek yn Sint-Michiels, in dielgemeente fan Brugge.
Yn dy tiid waarden in soad monumintale Frânske en Belgyske tsjerken en abdijen ôfbrutsen, lykas de Sint-Michaelabdij fan Antwerpen, de Us-Leaffrouwetsjerke yn Gint, de Sint-Lambertuskatedraal yn Luik, de Abdij fan Sint-Truiden en de Abdij fan Villers. Yn Brugge ferdwûnen ek de kleasters fan karmeliten, de augustinen, de minderbruorren en de dominikanen út it stedsbyld. Allinnich fan dy lêste bleau it grutste part fan it kleastergebou bewarre.
Op 4 novimber 1805 waard der noch hout ferkocht dat út de dakkonstruksje en oare bygebouwen fan 'e ôfbrutsen tsjerke kaam.
Yn 1834 binne de reliken fan Donatianus oerbrocht nei de Sint-Salvatortsjerke, dy't doe ta de nije katedraal fan Brugge ferheven waard. De fûneminten fan 'e âlde Sint-Donatuskatedraal waarden oan 'e ein fan 'e 20e iuw bleatlein en binne hjoed-de-dei foar in part ûndergrûnsk te besichtigjen (û.o. yn 'e kelders fan it Crowne Plaza hotel).
Sjoch ek Sint-Salvatorkatedraal
Kategory:Brugge Kategory:Katedraal yn Belgje Kategory:Tsjerkegebou yn it bisdom Brugge Kategory:Bouwurk sloopt yn 1800