It Paleis fan Tau (Frânsk: Palais du Tau) is it aartsbiskoplike paleis yn Reims, Frankryk. Mei de Notre-Dame fan Reims en de eardere Sint-Remigiusabdij stiet it Paleis fan Tau sûnt 1991 ynskreaun as UNESCO-wrâlderfgoed.
De biskopsresidinsje waard tusken 1498 en 1509 boud op it terrein fan in Gallo-Romeinske filla. Dy filla wie oant yn 'e 6e of 7e iuw bewarre bleaun en waard letter omboud ta in Karolingyske keninklike palts. De earste dokumintearre namme fan it Paleis fan Tau datearret fan it jier 1131. De namme is ôflied fan 'e plattegrûn fan it gebou, dy't tinken docht oan de letter T, it Grykske tau.
It âldste diel fan it paleis dat hjoed-de-dei noch bewarre is, is de iergoatyske kapel út 1207. Yn 'e jierren 1498 oant 1509 waard it hiele kompleks foar it grutste part yn 'e lette gotyk weropboud. Tusken 1671 en 1710 waard it troch de arsjitekten Jules Hardouin-Mansart en Robert de Cotte yn barokstyl ferboud. thumb|left|Banket by de kroaning fan Loadewyk XV fan Frankryk. Pierre-Denis Martin (1663-1742) De kenings fan Frankryk brochten de nacht foar harren kroaning yn 'e Notre-Dame fan Reims yn dit gebou troch. Foarôfgeand oan 'e kroaning waard de takomstige kening dêr oanklaaid, en nei de plechtichheid fûn dêr in grut banket plak yn 'e Salle du Tau, dêr't in ûnbidich grutte skoarstienmantel út de 15e iuw te sjen is. It earste dokumintearre banket fûn plak yn it jier 990, it lêste yn 1825.
Mei de flecht fan aartsbiskop Alexandre de Talleyrand-Périgord nei Dútslân yn 1790, waard it monumint yn beslach naam as nasjonaal besit (bien national). It paleis waard doe folslein ferboud en krige in nije funksje as rjochtbank, wylst de Salle du Tau brûkt waard as hannelsbeurs. De kapel, dy't op it punt stie om ôfbrutsen te wurden, waard ynrjochte as finzenis en de tún waard in plak foar de finzenen om te luchtsjen. Yn 1823, ûnder de Restauraasje, kearde de aartsbiskop werom. Foar de kroaning fan Karel X yn 1825 waard it paleis troch de arsjitekt François Mazois yn neogotyske styl restaurearre.
It paleis krige al betiid in kulturele funksje troch de festiging fan 'e Académie de Reims, dy't dêr fan 1841 oant 1906 de sit hie. Dêrnjonken waard oan 'e ein fan 'e 19e iuw yn 'e ûnderste kapel tydlik in lapidarium (in museum foar histoaryske stiennen en skulptueren) iepene. It monumint waard ek foar ferskate kongressen en útstallings brûkt. De súdlike fleugel oan 'e earste binnenhôf waard wer opboud neffens de ûntwerpen fan 'e ferneamde arsjitekt Eugène Viollet-le-Duc; it âlde tsjinstgebou makke dêrby plak foar hynstestâlen op 'e grûn en de bibleteek fan kardinaal Gousset op 'e earste ferdjipping fan hast 20.000 boeken.
De Wet op 'e skieding fan Tsjerke en Steat yn 1905 makke in ein oan 'e bewenning fan it paleis troch de aartsbiskoppen fan Reims: op 17 desimber 1906 waard aartsbiskop Louis-Joseph Luçon twongen om it paleis te ferlitten. Sûnt 20 desimber 1907 is it Paleis fan Tau offisjeel beskerme as monument historique. thumb|left|De ruïnes yn 1915. Op 19 septimber 1914 waard it paleis troch Dútske artillerijbesjittings swier skansearre en it waard earst nei de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch wer renovearre.
Sûnt 1972 biedt it paleis ûnderdak oan it Musée de l'Œuvre. It museum toant byldhouwurken, wandkleden en reliken fan 'e katedraal en oare foarwerpen dy't tinken dogge oan 'e kroaningsfeesten. Under de stikken is ek de saneamde talisman fan Karel de Grutte. Dêrnjonken wurde yn it Paleis fan Tau de iennichst oerbleaune keningskroan (dy't de ferneatigingen fan 'e Frânske Revolúsje oerlibbe hat), in kroaningsmantel en de relykhâlder fan 'e hillige ampul útstald.
It Paleis fan Tau, de Notre-Dame-katedraal en de Abdij fan Sint-Remigius waarden yn 1991 útroppen ta UNESCO-wrâlderfgoed.
Kategory:Bouwurk yn Reims Tau Kategory:Museum yn Frankryk Kategory:Wrâlderfgoed yn Frankryk Kategory:Bouwurk út 1498 Kategory:Bouwurk út 1509