De Molukkenearn of Molukske earn (Aquila gurneyi) is in grutte rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) yn it skift fan 'e haukeftigen (Accipitriformes). Dizze earn is ferneamd nei de Britske bankier en amateur-ornitolooch John Henry Gurney (1819-1890).
Uterlik De Molukkenearn is in grutte, slanke earn mei in kop-sturtlingte fan 66 oant 86 sentimeter en in wjukspanne fan 170 oant 190 sm. Lykas by de measte earnen binne de wyfkes in slach grutter en swierder as de mantsjes.
It fearrekleed fan in folwoeksen fûgel is hast hielendal donkerbrún oant swartich fan kleur. Syn wjukken binne lang en breed, en as er se yn 'e flecht útsprraat docht syn silhûet tige tinken oan dat fan 'e nau besibbe keizerearn, al binne syn wjukken oan 'e úteinen wat rûner. De sturt is relatyf lang en rûn, mei fine, ûndúdlike donkere bannen. In dúdlik skaaimerk binne de krêftige, giele poaten dy't oant de teannen ta befearre binne. De snaffel is griisgiel mei in donkere punt, en de iris is ljochtbrún oant gielich. Jonge fûgels hawwe in folle ljochter, spikkelich kleed mei in ljochtbrune kop en búk.
Fersprieding en biotoop Dizze earn hat in relatyf beheind en isolearre ferspriedingsgebiet yn Yndoneezje en Papoea Nij-Guineä. Hy komt foar op 'e Molukken (lykas Halmahera, Ceram en Buru), de Raja Ampat-eilannen (lykas Waigeo en Misool) en it haadeilân Nij-Guineä. De Molukkenearn is in typyske stânfûgel dy't it hiele jier troch yn syn egen territoarium bliuwt.
Syn biotoop bestiet benammen út ticht tropyske reinwâld, sawol yn it leechlân as yn 'e legere berchbosken oant op in hichte fan sawat 1000 meter boppe de seespegel. De fûgel wurdt ek wolris sjoen boppe sekundêre bosk, sompebosk en yn 'e kustsône by mangroves, mar hy mijt grutskalich kapte en iepen agraryske gebieten.
Ekology en hâlden en dragen Oer de ekology fan 'e Molukkenearn is yn ferhâlding ta oare Aquila-soarten relatyf min bekend, om't er in skou libben liedt djip yn 'e tichte tropyske wâlden.
It is in jager dy't syn proaien meastentiids fanút in hege útsjochpost yn 'e beamkrunen of yn in stadige flecht krekt boppe it blêdetek spot. Syn dieet bestiet foar in grut part út sûchdieren dy't yn beammen libje, lykas kûskûzen (Phalangeridae) en grutte rotten of kjifdieren. Dêrnjonken jaget er op grutte hagedissen, ferskate soarten fûgels en gruttere ynsekten.
Oer it briedgedrach binne de wittenskiplike gegevens ek noch hiel skraal. It nêst wurdt fan tûken boud, heech yn 'e kroan fan in grutte, dominante wâldbeam.
Status De Molukkenearn wurdt troch de IUCN klassifisearre as IUCN-status gefoelich (Near Threatened). De totale wrâldpopulaasje wurdt frij lyts rûsd, mooglik mar tusken hûnderten en in pear tûzen briedpearen en de oantallen rinne stadichoan tebek.
De grutste bedriging foar de soarte is de grutskalige ûntbosking yn Yndoneezje en Papoea-Nij Guineä. Troch houtkap, mynbou en de oanlis fan palmoalje-plantaazjes ferliest de fûgel syn natuerlike leefgebiet. Om't de Molukkenearn hiel ôfhinklik is fan grutte, âlde en ûnoantaaste bosken, is er tige gefoelig foar dit soarte fan habitatfragminetaasje.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte earn Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä