De krytearn (Clanga pomarina, synonym: Aquila pomarina) is in middelgrutte, donkere earn. It is in trekfûgel dy't yn súdlik Afrika oerwinteret en yn East-Europa briedt. De krytearn tanket de namme oan syn karakteristike hege, hurde rop, dy't klinkt as in blaffend k-jyp, of lange fluittoanen dy't er hearre lit by de baltsflecht.
Skaaimerken thumb|left|Krytearn yn Slowakije. De middelgrutte earn hat in lingte fan 'e kop oant de sturt fan 55 oant 65 sentimeter en in spanwiidte fan 143 oant 168 sm. De soarte hat in relatyf lytse snaffel en in donkerbrún fearrekleed. De krytearn is lestich te ûnderskieden fan 'e steppe-earn en de bastertearn. It bêste ûnderskiedingsskaaimerk binne de wat ljochter brún kleure ûnderwjukdekfearren en twa kommafoarmige wite streekjes oan 'e basis fan de hânpinnen.
Fersprieding en biotoop De krytearn is in trekfûgel dy't yn súdlik en eastlik Afrika oerwinteret en yn 'e maitiid nei East-Europa migrearret om dêr de simmer troch te bringen. Hy briedt yn healiepen gebieten mei stikken bosk, tichteby fochtige gerslannen dêr't er in soad op jacht giet. It foar Nederlân tichtstbylizzende briedgebiet fan 'e fûgel leit yn it easten fan Dútslân. Yn ús lân is de fûgel in swalker.
Briedgedrach en iten thumb|left|Aaien. De krytearn bout syn grutte nêst fan tûken yn in hege beam, meastentiids oan 'e râne fan it bosk. It lechsel bestiet út 1 oant 3 (meastentiids 2) aaien. As der twa piken útkomme, komt it by dizze soarte hast altiten foar dat de âldste pyk de jongere deadet ('kaïnisme'), sadat der úteinlik mar ien jong útfleant. De soarte yt in ferskaat fan alderhande lytse bisten, lykas ynsekten, amfibyen (foaral kikkerts), lytse fûgels en lytse sûchdieren lykas mûzen.
Status De krytearn hat in grut ferspriedingsgebiet en allinnich dêrtroch al is de kâns op útstjerren) hiel lyts. De grutte fan 'e wrâldpopulaasje wurdt op 40 oant 60 tûzen folwoeksen fûgels rûsd. Hoewol't der lokaal wol wat bedrigings binne troch boskbou en biotoopferlies, is der oer it gehiel nommen gjin oanlieding om oan te nimmen dat de soarte yn oantallen sterk efterútgiet. Dêrfandinne stiet de krytearn as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list fan 'e IUCN.
Kategory:Krytearn Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje