De Yndyske krytearn (Clanga hastata) is in fûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae) yn it skift fan 'e haukeftigen (Accipitriformes).
Ferskining thumb|left|Fûgel yn Yndia. De Yndyske krytearn is in lytse earn (50 oant 60 sentimeter) dy't in soad op 'e krytearn (Clanga pomarina) liket, dêr't er earder as ûndersoarte fan beskôge waard. Hy ûnderskiedt him lykwols troch wat langere wjukken, in folle langere mûlshoeke en in brune iris ynstee fan in giele of amberkleurige.
Fersprieding en systematyk De fûgel is in stânfûgel yn Yndia en Bangladesj. Yn Birma binne útsein yn it noarden gjin resinte waarnimmingen; it is mooglik dat de fûgel altiten in swalker west hat yn it lân mar it is ek mooglik dat de fûgel no mooglik is útstoarn.
De Yndyske krytearn waard earder faak as in ûndersoarte fan 'e krytearn (Clanga pomarina) behannele. Hjoed-de-dei wurdt er troch it grutste part fan 'e autoriteiten as in aparte, selsstannige soarte bekôge.
Taksonomy Earder waard de Yndyske krytearn yn it skaai fan 'e echte earnen (Aquila) set, mar de soarte is ferhûze nei it skaai fan 'e krytearnen (Clanga), tegearre mei de krytearn (Clanga pomarina) en de bastertearn (Clanga clanga). Ut genetysk ûndersyk die bliken dat dizze trije soarten nauwer besibbe binne oan 'e Yndyske swarte earn (Ictinaetus malaiensis) en de Afrikaanske swarte túfearn (Lophaetus occipitalis) as oan 'e earnen út it skaai Aquila, lykas de keningsearn (Aquila chrysaetos).
De soarte is monotypysk. Hâlden en dragen De Yndyske krytearn is in krêftige rôffûgel dy't fanút iepen gebieten of boskrânen syn proai – meastentiids sûchdieren – op 'e grûn fangt. Hy kin ek kikkerts en fûgels pakke. De Yndyske krytearn nêstelet yn beammen en hat in foarkar foar iepen gebieten lykas ekstinsyf brûkte lânbougrûn, wiete lannen en iepen bosk.
Lykas oare krytearnen hat er in baltsflecht wêrby't er akrobatysk mei de wjukken klapt, op 'e kop fljocht en hiele loopings makket. De balts wurdt sûnt jannewaris waarnommen en it lizzen fan 'e aaien bart yn april.
Status De Yndyske krytearn is wiidferspraat mar seldsum, dy't nei alle gedachten yn grutte dielen fan syn ferspriedingsgebiet yn oantal efterútgiet. It grutste gefaar is it ferlies fan gaadlike nêstplakken, feroarsake troch fersteuring en biotoopferlies. De IUCN kategorisearret de soarte as gefoelich (Near Threatened) op 'e Reade list.
Kategory:Krytearn Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan