De súdlike stikelmûsgoffer (wittenskiplike namme: Heteromys australis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e stikelmûsgoffers (Heteromys). Dit bistke komt foar yn it noardwesten fan Súd-Amearika. De súdlike stikelmûsgoffer is in nachtdier mei in nei alle gedachten fierhinne herbivoar dieet. De IUCN klassifisearret dit bist as net bedrige.
Taksonomy De súdlike stikelmûsgoffer waard foar it earst yn 1901 wittenskiplik beskreaun troch de Ingelske mammalooch Oldfield Thomas. Dyselde basearre him dêrby op inkele spesimina út 'e omkriten fan San Javier oan 'e ûnderrin fan 'e rivier de Cachavi yn it noardwesten fan Ekwador.
Fersprieding De súdlike stikelmûsgoffer komt foar yn it noardwesten fan Súd-Amearika, dêr't er benammen yn Kolombia in útstrutsen ferspriedingsgebiet hat. Dat omfettet de hiele Pasifyske kustline fan dat lân, mei dêropta it streamgebiet fan 'e Cauca en de Magdalena, hast oan 'e gearfloeiïng fan dy beide rivieren ta de ûnderrin fan 'e Magdalena ta. Yn it noardeasten is der in útrinner dy't nei de grins mei Fenezuëla rint. Bûten Kolombia komt de súdlike stikelmûsgoffer ek foar yn oangrinzgjende dielen fan noardwestlik Ekwador en eastlik Panama. In isolearre populaasje libbet yn 'e bergen fan 'e Cordillera de Mérida yn westlik Fenezuëla, dy't omjûn binne troch in flakte mei lânbougrûn.
Uterlike skaaimerken De súdlike stikelmûsgoffer is in middelgrutte stikelmûsgoffer. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 12,0–12,8 sm, mei in sturtlingte fan 13,6–14,0 sm en in gewicht fan 37–85 g. Der bestiet yn dizze soarte in beskate mjitte fan seksuele dimorfy, mei't de mantsjes in bytsje grutter en swierder binne as de wyfkes. De earkes mjitte 1,6 sm en de efterpoaten hawwe in lingte fan 3,3 sm.
De pels is rûch, mei op 'e rêch en de siden hjir en dêr ferstive stikels troch it hier hinne. Yn 'e populaasjes dy't yn it leechlân libje, binne dy stikels folle hurder en skerper as by berchpopulaasjes. De pels is op 'e boppeste lichemsdielen (rêch, kop, nekke en siden) dûnkergriis oant swart, wylst de ûnderste lichemsdielen (bealch, boarst, kiel, kin en poaten) witich binne. De beide kleurflakken wurde net troch in streek oer de siden faninoar skaat, sa't by guon besibbe soarten wol it gefal is. De soallen fan 'e efterpoatsjes binne ûnbehierre. De sturt is mar licht behierre en is by hast alle populaasjes oan 'e boppekant dûnkerder fan kleur as oan 'e ûnderkant.
Biotoop De súdlike stikelmûsgoffer is in bewenner fan it tropysk reinwâld en it dizewâld fan 'e Pasifyske kust fia de Andes oant it noardwestlike Amazônegebiet. Hy komt dêr foar fan it leechlân oant yn 'e bergen op in hichte fan 2.500 m boppe seenivo. Yn eastlik Panama hat dit bistke him oanpast oan it libben yn drûgere wâlden, bamboewâlden, toarnstrûken en drûch gerslân. Súdlike stikelmûsgoffers kinne net goed oer minsklike fersteuring fan harren habitat.
Hâlden en dragen Súdlike stikelmûsgoffers binne nachtdieren, dy't by dei ornaris rêst hâldt yn in ûndergrûnske hoale, in rotsspjalt of in leech pleatste beamholte. Soms kinne se lykwols ek oerdeis waarnommen wurde. Dêrfoar moat men wol hiel hoeden wêze en in protte geduld hawwe, want it binne skouwe bistkes. De súdlike stikelmûsgoffer is in terrestryske (op 'e grûn libjende) soarte, hoewol't er út en troch op nachtlike foerazjeartochten ek wol yn strûken klimt. Fierders is der oer de libbenwize fan dit bist noch net folle bekend.
It dieet bestiet nei alle gedachten (krekt as dat fan nau besibbe soarten) foar it meastepart út sieden, oanfolle mei fruchten, griene plantedielen en ynsekten. Lykas alle mûsgoffers sammelet de súdlike stikelmûsgoffer it fretten yn syn útwindige wangpûden, dy't as in soartemint bûsen oan 'e bûtenkant fan syn wangen sitte. Sa ferfiert er alles ienfâldich nei syn nêst, dêr't er it letter yn alle rêste beplúzje kin.
Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e súdlike stikelmûsgoffer binne ferskate soarten ûlen, lykas de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata), en fierders lânrôfdieren lykas de grize foks (Urocyon cinereoargenteus), de jagûarûndy (Herpailurus yagouaroundi), de langsturtwezeling (Neogale frenata) en ferskate soarten slangen.
Status De súdlike stikelmûsgoffer hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Undersoarten Der binne 3 (stân fan saken yn 2016) erkende ûndersoarten fan 'e súdlike stikelmûsgoffer (Heteromys australis): H. a. australis (Thomas, 1901) (de nominaatfoarm; Kolombia, noardwestlik Ekwador en de Cordillera de Mérida yn Fenezuëla) H. a. conscius (Goldman, 1913) (it uterste easten fan Panama en oangrinzgjende dielen fan Kolombia) H. a. pacificus (Pearson, 1939) (de regio om Amagal hinne yn 'e provinsje Darién yn eastlik Panama)
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Stikelmûsgoffer Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Panama