De swarte earn (Aquila verreauxii) is in grutte rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). It is in opfallende ferskining dy't foaral foarkomt yn 'e rotsige gebieten fan it súdlike en eastlike diel fan Afrika. De wittenskiplike namme is in earbetoan oan 'e Frânske samler Jules Pierre Verreaux.

Skaaimerken thumb|left|Fûgel yn 'e flecht. De swarte earn is in grutte earn mei in lichemslingte fan 78 oant 88 sm en in wjukspanwiidte fan 1,89 oant 2,09 m. Dêrmei is er krekt wat lytser as de stienearn (Aquila chrysaetos).

It fearrekleed fan folwoeksen fûgels is foar in grut part swart. Karakteristyk binne de wite "V" op 'e rêch en de wite stút. Yn 'e flecht binne der dúdlike wite plakken te sjen op 'e slachpinnen fan 'e wjukken. It sylhûet fan 'e wjukken is apart: de wjukbasis is frij smel, wylst de hânpinnen breed útwreidzje.

Jonge fûgels lykje mear op 'e stienearn mei harren gielbrune nekke, mar se binne te werkennen oan 'e spesifike wjukfoarm en in lytser kopke.

Fersprieding en habitat De earn komt lokaal foar yn Afrika besuden de Sahara en op it súdlike diel fan it Arabysk Skiereilân. Hy libbet yn rotsige berchstreken, op 'e savanne en yn healwoastinen, oeral dêr't syn haadfiedsel foarkomt.

Taksonomy De swarte earn is it naust besibbe oan 'e Afrikaanske haukearn (Aquila spilogaster) en de haukearn (Aquila fasciata). Der wurde gjin ûndersoarten erkend (monotypysk).

Hâlden en dragen thumb|left|Swarte earn yn Súd-Afrika. De fûgel is sterk bûn oan rotsrânen. De earn is in spesjalist: syn dieet bestiet foar it grutste part út klipdassen (Procavia capensis). Dêrnjonken yt er ek wol oare sûchdieren, fûgels en skyldpodden.

It nêst kin wol 1,8 meter breed wurde en wurdt meastentiids tsjin 'e rots of yn in grot boud, mar soms ek yn in beam.

De earn leit meastentiids twa aaien. It âldste jong deadet lykwols it jongste hast altiten binnen trije dagen nei it útkommen fan it aai. Dat kaïnisme soarget derfoar dat de âlden al harren enerzjy yn ien sterk jong stekke kinne.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt op dit stuit as stabyl beskôge. De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op tsientûzenen yndividuen. Dêrom stiet de swarte earn as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte earn Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe