De Afrikaanske haukearn (Aquila spilogaster) is in rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). It is in middelgrutte earn dy't nau besibbe is oan 'e haukearn (Aquila fasciata) fan it Middellânske Seegebiet.

Skaaimerken thumb|left|Afrikaanske haukearnen yn Namybje. Yn ferliking mei oare earnen is de Afrikaanske haukearn frij lyts, mei in lingte fan 55 oant 65 sm en in wjukspanne fan 130 oant 160 sm. Dêrmei is er trochstrings sa'n 8 sm langer as de yn Europa bekende mûzebiter. Der is in dúdlik ferskil yn gewicht tusken de geslachten: mantsjes weagje 1,2 oant 1,3 kg, wylst de wyfkes mei 1,9 oant 2,0 kg in stik swierder binne.

It fearrekleed feroaret yn 'e earste jierren. It earste jier is de rêch brún fan kleur. De tekening op it boarst docht tinken oan dy fan in jonge Jeropeeske hauk, mar feroaret yn it twadde jier nei swartbrún. As folwoeksen fûgel kriget de Afrikaanske haukearn it karakteristike flechtbyld. De slachpinnen binne foar it grutste part wyt mei swarte úteinen, wylst de earmpinnen wyt-swart streke binne mei in swart ein. De grutte dekfearren oan 'e ûnderkant fan 'e wjuk binne krèm- oant wytkleurich. De sturt is foar it grutste part ljochtgriis mei in brede donkere einbân.

Taksonomy en fersprieding Dizze earn komt foar yn iepen bosken en op 'e savannes fan Afrika besuden de Sahara. Der wurde gjin ûndersoarten erkend (monotypysk).

Yn it ferline waard de soarte yn it skaai dwerchearnen Hieraaetus set, mar nei genetysk ûndersyk is de fûgel oerbrocht nei it skaai Aquila. In tiidlang waard tocht dat it in ûndersoarte wie fan 'e gewoane haukearn, mar hjoed-de-dei wurdt er as in folslein aparte soarte sjoen.

Hâlden en dragen thumb|left|Aai. De Afrikaanske haukearn jaget fral op fûgels lykas pearelhinnen (Numididae) en patriisfrankolinen (Pternistis). Dêrnjonken fangt er ek lytse sûchdieren lykas hazzen of jonge antilopes. Somtiden jaget er sels op oare rôffûgels. De soarte jaget ek as pear, wat relatyf seldsum is by earnen.

De fûgel hâldt fan iepen savannes mei genôch grutte beammen om nêsten yn te bouwen. Hy makket in grut nêst fan tûken, meastentiids heech yn in grutte beam. Se binne tige territoriaal en bliuwe it hiele jier troch yn itselde gebiet as der genôch iten is.

In lechsel bestiet meastentiids út twa aaien.

Status Hoewol't it totale oantal fûgels nei alle gedachten wat ôfnimt, hat de soarte in tige grut ferspriedingsgebiet. De tebekgong is net grut genôch om de fûgel as bedrige te klassifisearjen. De IUCN klassifisearret de Afrikaanske haukearn dêrom as net bedrige (Least Concern).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echte earn Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe