thumb|Gemeentlike yndieling fan Poalen. In gmina (meartal: gminy) is de leechste bestjoerlike ienheid yn 'e bestjoerlike yndieling fan Poalen. It is de Poalske fariant fan 'e gemeente. Op 1 jannewaris 2024 wiene der yn totaal 2.477 gminas yn Poalen.

In gmina is ûnderdiel fan in powiat (distrikt), dy't op syn beurt wer ûnder in woiwodskip (provinsje) falt.

Der binne trije ferskillende soarten gemeenten:

Gmina miejska (stedsgemeente): Dizze gemeente bestiet hielendal út ien stêd. By grutte stêden (lykas Warsjau of Krakau) falt de gmina faak gear mei it distrikt; sa'n stêd wurdt dan in powiat grodzki neamd. Gmina miejsko-wiejska (steds- en plattelânsgemeente): In gemeente dy't bestiet út in stêd mei de om lizzende doarpen en it plattelân. De stêd tsjinnet meastentiids as it bestjoerlik sintrum. Gmina wiejska (plattelânsgemeente): In gemeente dy't allinnich út doarpen en bûtengebiet bestiet. It komt foar dat it haadplak fan sa'n gemeente yn in tichtdeby lizzende stêd leit dy't sels net by de gemeente heart.

Bestjoer De gmina hat in eigen bestjoer dat ferantwurdlik is foar lokale saken lykas it ûnderhâld fan diken, basisûnderwiis, wetterlieding en ôffalferwurking. It bestjoer bestiet út:

Rada gminy: De gemeenteried, dy't de wetjouwende macht hat. Utffierende macht: It haad fan 'e gemeente. De titel dêrfan hinget ôf fan it type gmina:

In Wójt stiet oan it haad fan in plattelânsgemeente. In Burmistrz (boargemaster) stiet oan it haad fan in steds- of kombinearre gemeente. In Prezydent miasta is de titel fan 'e boargemaster yn grutte stêden mei mear as 100.000 ynwenners.

Skiednis It wurd gmina komt oarspronklik fan it Dútske wurd Gemeinde. It systeem fan gminy waard yn 1972 yn 'e hjoeddeiske foarm ynfierd, mar krige nei de fal fan it kommunisme yn 1990 folle mear selsstannichheid en demokratysk foech.

Kategory:Bestjoerlike ienheid Kategory:Gemeente Kategory:Lienwurd út it Poalsk