Delhi is in unyterritoarium (Nasjonaal Haadstedsk Territoarium) mei in bysûndere status. It omfiemet sawol de histoaryske stêd Old Delhi as de troch de Britten oanleine haadstêd New Delhi. It is, nei Mumbai, de grutste stêdekloft fan it lân. Delhi hat in tige rike skiednis en wurdt faak de "stêd fan 'e sân stêden" neamd, omdat ferskate riken hjir harren haadstêd fêstigen.

Geografy Delhi leit yn it noarden fan Yndia en wurdt oan trije kanten omjûn troch Haryana en yn it easten troch Uttar Pradesh. De geografy fan 'e stêd wurdt foar in grut part bepaald troch twa natuerlike eleminten. thumb|left|Alde brêge yn Dehli oer de Yamuna. De Yamuna streamt troch it eastlike part fan 'e stêd en hat fanâlds in sintrale rol spile yn 'e ûntwikkeling fan Delhi. De measte fan 'e "sân histoaryske stêden" waarden oan 'e westlike ouwer boud. Hjoed-de-dei foarmet de rivier de skieding tusken it sintrum en East-Delhi (Trans-Yamuna).

De Delhirêch is in heuveleftige útrinner fan it Aravalliberchtme. Dizze rige rint as in soarte fan rêchbonke troch de stêd en wurdt faak de “griene long” fan Delhi neamd, omdat se beskerming biedt tsjin de hjitte, drûge wyn út Radjastan.

It klimaat fan Delhi is subtropysk kontinintaal en tige útsprutsen. De simmers (april–juny) binne tige hjit, mei temperatueren dy't faak boppe de 45 °C komme, wylst de winters (desimber–jannewaris) kâld en faak dampich binne, mei temperatueren dy't soms ticht by it friespunt komme.

Skiednis Yn 'e âldheid wurdt de stêd yn 'e epyske tradysje ferbûn mei Indraprastha, de haadstêd fan 'e Pandava’s út it ferneamde epos Mahabharata. thumb|left|De Jamamoskee. Sûnt de 12e iuw waard Delhi it sintrum fan ferskate islamityske sultanaten. Letter waard it in wichtich machtsintrum fan it Mogolryk. Keizer Shah Jahan liet yn 'e 17e iuw Shahjahanabad bouwe (it hjoeddeiske Ald Delhi), mei ûnder oaren it Reade Fort en de Jamamoskee.

Yn 'e tiid fan Britsk Ynje ferhûzen de Britten yn 1911 de haadstêd fan Kolkata (doe Calcutta) nei Delhi. Se lieten de arsjitekten Edwin Lutyens en Herbert Baker in nije, planmjittich oanleine haadstêd ûntwerpe: New Delhi.

Nei de ûnôfhinklikens yn 1947 waard Delhi de haadstêd fan it selsstannige Yndia. De stêd feroare doe drastysk nei de dieling fan Britsk-Ynje troch de komst fan miljoenen flechtlingen út de Pûndjaab.

Befolking Delhi is ien fan 'e fluchst groeiende metropoalen op 'e wrâld. It is in smeltkroes fan talen, kultueren en religys, mei miljoenen migranten dy't út alle dielen fan Yndia nei de stêd tein binne foar wurk en ûnderwiis.

De meast sprutsen taal is it Hindy, mar Delhi hat yn 'e praktyk in meartalige taalsituaasje. It Pûndjaabsk en it Urdu hawwe yn bepaalde konteksten in offisjele status as twadde talen. It Ingelsk spilet in wichtige rol yn bestjoer, heger ûnderwiis en it bedriuwslibben. Troch de grutte Bingaalske mienskip wurdt ek it Bingaalsk yn guon wiken in soad praat.

Religy Hoewol't it hindoeïsme de grutste religy is, hat Delhi in hiel ferskaat religieus lânskip. Old Delhi is noch altyd in wichtich sintrum foar de islamityske mienskip, wylst de sikhs in grutte kulturele ynfloed op 'e stêd hawwe. Ek de Bingaalske mienskip is goed fertsjintwurdige, benammen yn Chittaranjan Park. thumb|De Laxminarayan-timpel. thumb|Moti Masjid (Motimoskee) yn it Reade Fort. thumb|Sint-Jakobustsjerke. + Religy yn Delhi (2011) Religy % Karakteristyk Hindoeïsme 81,68% Ferspraat oer de hiele stêd; de dominante groep. Islam 12,86% Benammen yn Ald-Delhi en om de Jama Masjid hinne. Sikhisme 3,40% In kultureel wichtige groep mei grutte timpels. Sjainisme 0,99% In histoarysk wichtige hannelsmienskip yn 'e âlde binnenstêd. Kristendom 0,87% In lytse mienskip, faak út Súd-Yndiaaske steaten. Oars 0,20% Ynklusyf boedisme en oare minderheden.

Befolkingsûntwikkeling = De grutste sprong yn it ynwennertal fûn plak nei de dieling fan Britsk-Ynje yn 1947, doe't miljoenen hindoes en sikhs út de westlike Pûndjaab (Pakistan) harren yn Delhi fêstigen. Sûnt dy tiid is de stêd elk desennium mei miljoenen minsken groeid.

+ Befolkingsûntwikkeling fan Delhi (1901–2011) Jier 1901 1911 1921 1931 1941 1951 1961 Ynwennertal 405.819 413.851 488.452 636.246 917.939 1.744.072 2.658.612 Groei — +2,0% +18,0% +30,3% +44,3% +90,0% +52,4% Jier 1971 1981 1991 2001 2011 Ynwennertal 4.065.698 6.220.406 9.420.644 13.850.507 16.787.941 Groei +52,9% +53,0% +51,4% +47,0% +21,2%

Kultuer en Toerisme Delhi hat in kulturele rykdom fan tûzenen jierren oan skiednis. Old Dehli hat nauwe, drokke strjitsjes en New Dehli griene leanen.

Delhi hat trije lokaasjes dy't op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO steane:

It Reade Fort (Lal Qila) is in grut fort fan reade sânstien, boud troch Mogol-keizer Shah Jahan. De tombe fan Humayun is in foarbyld fan iere Mogol-arsjitektuer en in foarrinner fan 'e ferneamde Taj Mahal yn Agra. De Qutub Minar is in yndrukwekkende oerwinningspylder fan 73 meter heech, boud yn 'e 12e iuw en omfieme troch ruïnes út 'e iere islamityske perioade fan Yndia. thumb|India Gate. Oare wichtige trekpleisters binne de India Gate (in oarlochsmonumint), de Lotus-timpel (bekend om syn moderne arsjitektuer) en de Jamamoskee, ien fan 'e grutste moskeeën fan it lân.

As kulturele haadstêd hat Delhi de wichtichste musea fan it lân, lykas it National Museum, de National Gallery of Modern Art en it National Crafts Museum, dêr't tradisjoneel Yndiaask hânwurk út alle gebieten te sjen is.

Ekonomy Delhi is it grutste kommersjele sintrum fan Noard-Yndia en hat ien fan 'e heechste ynkommens per ynwenner fan it lân. De ekonomy is de lêste desennia stadichoan ferskood fan hannel nei in moderne tsjinstesektor, dy't mei aktiviteiten yn ûnder oaren IT, telekommunikaasje, banken en fersekerings de wichtichste pylder fan 'e ekonomy foarmet. De stêd lûkt dêrtroch in soad multynasjonale bedriuwen oan. thumb|left|In winkelstrjitte yn Chandni Chowk (Sintraal-Dehli). As haadstêd spilet de oerheid in sintrale rol yn 'e wurkgelegenheid. De oanwêzigens fan parleminten, ministearjes en diplomatike missys soarget foar in stabyl ynkommen foar in grut part fan 'e befolking. Ek hannel en detailhannel binne tige wichtich. Delhi funksjonearret as in grut distribúsjesintrum foar guod dat oer hiel Noard-Yndia ferspraat wurdt.

Swiere yndustry is foar in grut part ferhûze nei de râne fan 'e stêd troch miljeuregels. Yn 'e foarstêden is lykwols noch altyd in soad lichte yndustry te finen, lykas de produksje fan elektroanika, tekstyl en auto-ûnderdielen.

Bestjoer thumb|Parlemintsgebou. Delhi hat in bysûndere bestjoerlike struktuer dy’t ôfwykt fan dy fan 'e measte oare unyterritoaria. Offisjeel hjit Dehli it Nasjonaal Haadstedsk Territoarium fan Delhi (NCT) en hat it, oars as de measte unyterritoaria, in eigen parlemint en in eigen regear ûnder lieding fan in Chief Minister, lykas by in dielsteat.

Dochs is de macht ferdield tusken it lokale bestjoer en de federale oerheid. Dy lêste hâldt, troch in Luitenant-gûverneur, de kontrôle oer wichtige saken lykas plysje, iepenbiere oarder en grûn. Dat soarget yn 'e praktyk geregeld foar spannings tusken it stedsbestjoer en de lanlike oerheid.

Binnen it territoarium nimt New Delhi in aparte posysje yn. Hjir sitte de presidint fan Yndia, it nasjonale parlemint en de heechste rjochtbank, wat it gebiet ek it politike hert fan it lân makket.

Bestjoerlik is Delhi fierder opdield yn alve distrikten, dy’t elk harren eigen taken en ferantwurdlikheden hawwe.

+ Distrikten fan Delhi Distrikt Haadplak Ynwennertal (2011) Oerflak (km²) New Delhi Connaught Place 142.004 35 North Delhi Alipur 887.978 60 North West Delhi Kanjhawala 3.656.539 440 North East Delhi Nand Nagri 2.241.624 60 West Delhi Rajouri Garden 2.543.243 129 South Delhi Saket 2.731.929 250 South West Delhi Dwarka 2.292.958 420 South East Delhi Defence Colony 637.775* 102 East Delhi Preet Vihar 1.709.346 64 Central Delhi Daryaganj 582.320 25 Shahdara Shahdara 322.931* 40 Sifers foar South East Delhi en Shahdara binne rûmings, om't dizze distrikten koart nei de folkstelling fan 2011 offisjeel ynsteld binne troch it splitsen fan besteande distrikten.

Kategory:Unyterritoarium yn Yndia Kategory:Plak yn Delhi Kategory:Plak stifte yn de 6e iuw f.Kr. Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1992