Amers is in samling poëzij fan 'e Frânske skriuwer Saint-John Perse, skriuwersnamme fan Alexis Saint-Léger. De samling is yn 1957 útjûn troch La Nouvelle Revue française yn Parys. Lykwols begûn er al yn 1948 mei de bondel, mei parten dy't útkamen by Gallimard.
De titel betsjut "seemarkeringen" (punten dy't brûkt wurde om op see te navigearjen, sawol keunstmjittich as natuerlik); it is mooglik wurdboarterij op it Frânske amer(s), 'bitter', dat hjir miskien 'sâlt' betsjut, en docht ek tinken oan mer, 'see'. Little, Roger. "The Image of the Threshold in the Poetry of Saint-John Perse." The Modern Language Review 64, no. 4 (1969): 777-92. Accessed 4 febrewaris 2020. doi:10.2307/3723920.
De seemarkeringen yn de titel tsjutte dan wer it lân oan, dan wer de rûte. Der is gjin Fryske oersetting fan it wurk.
Trije jieren letter krige Saint-John Perse de Nobelpriis foar de Literatuer takend. Amers waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.
Kategory:Literatuer fan Saint-John Perse Kategory:Frânsktalige dichtbondel Kategory:Dichtbondel út 1957