It Wyldreservaat Dinokeng (Dinokeng Game Reserve) is in grut reservaat yn 'e Súd-Afrikaanske provinsje Gauteng. It wyldreservaat leit tichteby de stêden Pretoria en Jehannesburch.

Etymology De namme Dinokeng komt út de talen fan 'e Tswana en Soto en betsjut letterlik "plak fan rivieren". It gebiet is sa neamd om't it yn it streamgebiet fan ferskate rivieren leit, dy't nei de Limpopo streame.

Skiednis thumb|left|Lânskip. It reservaat is it resultaat fan in unyk projekt tusken de oerheid en hûnderten partikuliere grûneigners. It plan wie om in oantrún te jaan oan it toerisme en wurkgelegenheid te kreëarjen foar de lokale befolking. It reservaat waard offisjeel op 22 septimber 2011 iepene nei't de stekken tusken de ferskate pleatsen fuorthelle wiene en de "Big Five" (liuw, oaljefant, buffel, loaihoars en noashoarn) wer yntrodusearre waarden.

Floara en fauna It Dinokeng Game Reserve beslacht in oerflak fan likernôch 21.000 bunder (210 km²). It lânskip bestiet benammen út savannes en strûkgebieten.

Njonken de Big Five binne der ferskate oare bisten te finen, lykas jachtloaihoarsen, hyena's, sebra's, sjiraffen en ferskate antilopesoarten. It gebiet is ek ryk oan fûgels, dêr't mear as 300 ferskate soarten fan teld binne.

Toerisme Mei't it reservaat tichteby it ekonomyske hert fan Súd-Afrika leit, is it in populêre attraksje foar sawol minsken dy't der in dei op út wolle as toeristen. It reservaat biedt ferskate aktiviteiten oan lykas safary's (Self-drive routes), ballonfearten en kampearmogelikheden

Kategory:Gauteng Kategory:Natoergebiet yn Súd-Afrika Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2011