De sitrusflinter (Papilio demodocus) is in grutte, opfallende flinter út de famylje fan 'e paazjes (Papilionidae). Hy komt rûnom foar yn Afrika besuden de Sahara en op it eilân Madagaskar. Om't de soarte fral om 'e Kryst hinne fleant, hat de sitrusflinter yn it Ingelsk ek de namme Krystflinter (Christsmas butterfly) krige.

Ferskining De sitrusflinter hat in spanwiidte fan likernôch 90 oant 120 millimeter. De basiskleur fan 'e wjukken is swart, mei in patroan fan giele plakken en bannen. Op 'e efterwjukken sitte twa opfallende eachplakken: ien donkerblau eachplak oan 'e boppekant en ien readbrún plak oan 'e binnenkant fan 'e wjuk.

Oars as in soad oare paazjes hat de sitrusflinter gjin 'sturtjes' oan 'e efterwjukken. De mantsjes en wyfkes ha in soad fan inoar, al binne de wyfkes faak wat grutter.

Fersprieding en leefgebiet De sitrusflinter is ien fan 'e meast foarkommende flinters yn Afrika. It ferspriedingsgebiet rint fan Etioopje oant Súd-Afrika en op 'e eilannen yn 'e Yndyske Oseaan, lykas de Seysjellen en Mauritsius. De soarte past him maklik oan en komt ek yn tunen, parken, boskrânen en op lânbougrûn foar. Benammen yn gebieten dêr't sitrusfruchten ferboud wurde, is de flinter in bekende ferskining.

Ekology en libbenssyklus De namme sitrusflinter komt fan 'e foarkar fan 'e rûpen foar planten út de sitrusfamylje (Rutaceae), lykas sitroen-, sinesappel- en limoenbeammen.

It wyfke leit de lytse, gielige aaikes ien foar ien op it jonge blêd fan 'e gasthearplant. Ynearsten lykje de jonge rûpkes op fûgelstront (mimikry), wat harren beskermet tsjin rôfdieren. Letter wurde de rûpen grien mei brune en wite bannen. As se bedrige wurde, stekt de rûp in foarke-eftich orgaan út 'e kop (it osmetarium) dat in aaklike rook ferspriedt.

De ferpopping fynt plak oan in tûke, wêrby't de pop fêstsit mei in spintried. De kleur fan 'e pop kin ferskille fan grien oant brún, ôfhinklik fan 'e ûndergrûn en wurdt bepaald troch it oerflak dêr't de rûp him op ferpopt.

De folwoeksen flinters binne flugge fleaners en komme by in breed ferskaat oan blommen om nektar te drinken.

Status De sitrusflinter wurdt troch de IUCN net as bedrige beskôge. Yn 'e lânbou kin de soarte as in pleach beskôge wurde, om't de rûpen grutte hoemannichten blêden fan jonge sitrusbeammen frette kinne. Yn tunen wurdt de flinter lykwols faak wolkom hjitten fanwegen syn grutte en moaie kleuren.

Kategory:Swellesturtflinter Kategory:Flintersoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy