Henri Brispot (Beauvais, 5 july 1846 - Parys, 12 febrewaris 1928) burlington.co.uk wie in Frânske keunstskilder en yllustrator.

Pierre Henri Brispot, de heit fan Henri Brispot, wie boargemaster fan Mouy.

Henri Brispot, in learling fan Émile Lassalle en dêrnei fan Léon Bonnat oan 'e École des beaux-arts yn Parys, wie in sjenreskilder dy't bewust iroanysk of empatysk nei sênes út it deistich libben seach, of anekdoatyske skilderijen makke dy't de hege geastlikheid bespotten - in tema dat yn dy tiid tige populêr wie.

Hy is de makker fan 'e poster út 1896 dy't de earste betelle foarstellings fan 'e bruorren Lumière harren Cinematograph oankundige yn 'e Salon indien du Grand Café yn Parys.

Hy wûn in medalje fan 'e 3e klasse op 'e 'Salon des artistes français' fan 1881, en dêrnei in sulveren medalje op 'e Wrâldtentoanstelling fan 1889. Hy waard yn 1898 beneamd ta Ridder fan it Legioen fan Eare.

Galery

Kategory:Frânsk keunstskilder Kategory:Frânsk yllustrator Kategory:Pikardysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1846 Kategory:Persoan stoarn yn 1928