thumb|De bruorren Lumière thumb|Iere reklameposter foar Cinématographe-foarstellings, 1896 Henri Brispot (1846-1928) De bruorren Lumière, Auguste Marie Louis Nicholas Lumière (Besançon, 19 oktober 1862 – Lyon, 10 april 1954) en Louis Jean Lumière (Besançon, 5 oktober 1864 – Bandol regio Provence-Alpes-Côte d'Azur , 6 juny 1948), wiene Frânske sakelju en filmpioniers. Mei de útfining fan de cinématographe, it earste projeksjeapparaat op de wrâld, wiene sy ien fan de grûnlizzers fan de sinematografy.

Harren fertoaning fan ien film op 22 maart 1895, foar sa'n 200 leden fan 'e Société d'encouragement pour l'industrie nationale (Maatskippij foar de Untwikkeling fan 'e Nasjonale Yndustry) yn Parys wie nei alle gedachten de earste presintaasje fan in projektearre film. Harren earste kommersjele iepenbiere fertoaning op 28 desimber 1895, foar sa'n 40 beteljende besikers en útnoege famyljeleden, wurdt tradisjoneel beskôge as de berte fan 'e bioskoop.

Biografy De bruorren Lumière waarden berne yn Besançon, Frankryk, as soannen fan Charles-Antoine Lumière (1840–1911) en Jeanne Joséphine Costille Lumière, dy't yn 1861 trouden en nei Besançon ferhuzen, dêr't se in lytse fotografyske portretstudio oprjochten. Dêr waarden Auguste, Louis en harren dochter Jeanne berne. Se ferhuzen yn 1870 nei Lyon, dêr't harren twa oare dochters berne waarden: Mélina en Francine. Auguste en Louis gienen beide nei La Martiniere, de grutste technyske skoalle yn Lyon.

Se patintearren ferskate wichtige prosessen dy't laten ta harren filmkamera, benammen filmperforaasjes (oarspronklik ymplementearre troch Émile Reynaud) as middel om de film troch de kamera en projektor te bewegen. De orizjinele cinématograaf wie op 12 febrewaris 1892 patintearre troch Léon Guillaume Bouly. De cinématograaf - in trije-yn-ien apparaat dat films opnimme, ûntwikkelje en projektearje koe - waard fierder ûntwikkele troch de Lumières. Chardère 1987, s. 70. De bruorren patintearren harren eigen ferzje op 13 febrewaris 1895. "Brevet FR 245.032" Cinematographes. Rieplachte 12 novimber 2013.

De datum fan 'e opname fan harren earste film is striderij oer. Yn in fraachpetear mei Georges Sadoul út 1948 woe Louis hawwe dat er de film yn augustus 1894 opnommen hie - foar de komst fan 'e kinetoskoop yn Frankryk. Soks wurdt betwivele troch histoarisy, dy't fan betinken binne dat in funksjonearjende Lumière-kamera net bestie foar it begjin fan 1895.

De bruorren Lumière seagen film lykwols as nijmoadrichheid en hiene har yn 1905 weromlutsen út 'e filmsektor. Se ûntwikkelen it earste praktyske fotografyske kleurproses, it Lumière Autochrome.

Louis stoar op 6 juny 1948, en Auguste op 10 april 1954. Se waarden beïerdige yn in famyljegrêf op it Nije Guillotière-tsjerkhôf yn Lyon.

Neitins thumb|left|150px|Yn it hûs fan harren heit yn Lyon is it Institut Lumière museum fêstige In kolleksje fan 1.405 wurken makke troch of taskreaun oan Louis en Auguste Lumière waard yn 2005 ferklearre ta in UNESCO Memory of the World Register. Lumière Peak op Antarktika is nei harren ferneamd.

It Lumière Ynstitút is fêstige yn Lyon, yn it distrikt Monplaisir (8e arrondissemint). It omfettet twa bioskopen, in dokumintaasjesintrum en edukative romten, lykas in museum yn 'e Villa Lumière, it eardere hûs fan 'e bruorren.

Eksterne keppelingen In stikmannich koarte films fan de bruorren Lumière.

Kategory:Frânsk filmregisseur Kategory:Frânsk filmpionier Kategory:Frânsk ûndernimmer Kategory:Frânsk útfiner Kategory:Frank-Komteesk persoan