Hammanskraal is in plak yn it noarden fan 'e provinsje Gauteng yn Súd-Afrika. It plak falt ûnder de metropoalgemeente Tshwane (Pretoria). It plak leit tichteby de grins mei de provinsjes Noardwest en Limpopo en tsjinnet as in wichtich regionaal sintrum foar de omlizzende plattelânsgebieten.
It plak krige syn namme fan Hamman, in feehâlder dy't yn 'e 19e iuw op it plak in kraal (in omfieme plak foar fee) boude om syn bisten te beskermjen tsjin rôfdieren.
Ekonomy en Toerisme Hammanskraal leit oan 'e wichtige N1-snelwei, dy't Pretoria ferbynt mei Simbabwe en dy lokaasje is gaadlik foar hannel en ferfier. Hammanskraal hat de typyske skaaimerken fan in township mei in hege tichtheid fan ienfâldige wenningen. De namme Hammanskraal wurdt troch de lokale befolking brûkt foar de hiele regio, dy't bestiet út ferskillende townships lykas as Temba, Babelegi (in yndustryterrein) en omlizzende doarpen.
It plak is by toeristen foaral bekend om 't it de tagongspoarte is fan it Wyldreservaat Dinokeng, it earste wyldreservaat yn Gauteng dêr't de "Big Five" (liuw, oaljefant, buffel, loaihoars en noashoarn) yn it wyld libje.
Befolking Hammanskraal hat in jonge en waaksjende befolking. Neffens de offisjele sensus fan 2011 wenje der goed 21.000 minsken, mar de hiele regio (ynklusyf de omlizzende townships lykas Temba) is folle grutter.
Etnisiteit Yn 2011 bestie krapoan 99% fan 'e befolking út swarten. De meast sprutsen talen binne Tswana, Noard-Soto en Tsonga.
Wetterproblematyk Yn Súd-Afrika is al in oantal jierren in wetterkrisis, dy't ûntstie troch min ûnderhâld en brek oan kader en ynvestearingen fan 'e wetterfoarsjenning.Action SA: From Crisis to Competence: South Africa’s Water Crisis Is Not Inevitable De swierrichheden waarden lang troch de autoriteiten ûntkend, wêrtroch't hjoed-de-dei in miljoenen minsken yn Súd-Afrika oanwiisd binne op smoarch wetter. Hammanskraal helle it nijs mei grutte protesten fan 'e befolking tsjin it wettertekoart en yngripen fan 'e nasjonale oerheid.[IOL South Africa News: Violent protests in Hammanskraal, Temba over 'smelly' water]
Kategory:Plak yn Súd-Afrika Kategory:Plak yn Gauteng Kategory:Plak stifte yn 1913