thumb|Monumint Kamp Nuis (2014) Kamp Nuis wie in kamp yn it doarp Nuis yn 'e gemeente Marum yn 'e provinsje Grinslân. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie it in kamp fan 'e Nederlânske Arbeidstsjinst (NAD). Nei de oarloch waarden dêr kollaborateurs fêsthâlden en tsjinne it as jeugdfinzenis. Fan 1951 oant 1964 waard it kamp brûkt om Amboneeske eks-KNIL-soldaten en harren famyljes ûnder te bringen.

Skiednis Foarskiednis Nei de Nederlânske kapitulaasje yn maaie 1940 rjochten de Dútsers de Nederlânske Opboutsjinst (Nederlandse Opbouwdienst) op. Oan it haad stiene yn it begjin Nederlânske offisieren. De earste wie majoar Jaap Breunese. Hy wie bekend as organisator fan de Nijmeegse Vierdaagse en hie in goede namme by de Nederlanners. Op 1 augustus 1941 naam er syn ûntslach. Hy fersette him tsjin de ynfiering fan de Hitlergroet yn de NAD-kampen. Doe't de Dútsers begriepen dat de Nederlânske arbeiders net bydrage soene oan de opbou fan it Dútske leger, waard de organisaasje omneamd ta Nederlandse Arbeidsdienst (NAD).

Perioade 1941-1944 Yn july 1941 hierde de Ryksgebouwetsjinst in stik lân fan de famylje Kimm en op 21 july krige de boargemaster fan de gemeente Mearum te hearren dat dêr in kamp oprjochte wurde soe troch de Nederlandse Arbeidsdienst. Der waarden barakken boud.

De earste 'arbeidsmannen', sa't se neamd waarden, kamen frijwillich. Sy wurken foar kost, ynwenning en bûsjild; boppedat waarden se frijsteld fan útstjoering nei Dútslân. Se waarden ûnder oare ynset by de ruilferkavelingsprojekten om Lucaswolde hinne. Stadichoan waarden de Nederlânske kommandanten troch pro-Dútske kommandanten ferfongen.

Perioade 1944-1945 Nei de ynvaazje yn Normandje waard de arbeidstsjinst ynset foar it meitsjen fan ferdigeningswurken. Yn it Coendersbosk efter de Coendersboarch waard ôfwargeskut pleatst en by it kamp kamen mitrailleursnêsten. De bedoeling wie om dêrnei Dútske finzenen te húsfestjen. De Nederlânske soldaten wiene lykwols nedich oan it front en yn stee fan Dútsers waarden der NSB-flechtlingen út Arnhim en Noard-Limboarch húsfeste.

Nei de oarloch Nuis waard op 15 april 1945 befrijd. Dêrnei waarden de NSB'ers ôflost troch finzennommen kollaborateurs, dy't ûnder strieminne omstannichheden fêstholden waarden troch de Binnenlandse Strijdkrachten (BS).

Yn 1948 waard it kamp omfoarme ta dependânse fan de jeugdfinzenis fan Feanhuzen, dêr't ek in tal SS'ers húsfeste waard, ditkear ûnder bettere omstannichheden. De bekendste SS'ers wiene Gerard Mooyman en Paul van Tienen. Oan'e ein fan'e fjirtiger jierren krigen de ynternearren massaal graasje en yn 1951 sleat it kamp de doarren.

Ambonezen In pear moannen letter yn 1951 waard it barakkekamp brûkt foar de tydlike opfang fan sa'n 250 Molukkers (húshâldingen fan KNYL-militêren). Yn dat jier kamen fjouwertûzen benammen Molukske militêren nei Nederlân, dy't tsjinne hiene yn it Koninklijk Nederlandsch-Indisch Leger. De militêren ferbleaune mei harren gesinnen yn it kamp yn Nuis. Yn 1963-1964 ferlieten de lêste bewenners it kamp. Se fêstigen har yn Mearum, Drachten, Hoogkerk of de wyk De Wijert yn Grins. Nei it fuortgean fan de lêste bewenners waarden de barakken sloopt.

Monumint Yn 2010 stelde Pleatslik Belang Nuis-Niebert út om in keunstwurk te pleatsen ta oantins fann it kamp. It keunstwurk is makke troch Gert Sennema út Grypskerk en is op 15 oktober 2011 ûntbleate troch boargemaster Tjeerd van Bekkum fan Marum.

Kategory:Nazy-konsintraasjekamp yn Nederlân Kategory:Eardere finzenis yn Nederlân Kategory:Skiednis fan Grinslân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1941 Kategory:Organisaasje opheft yn 1964