De Sint-Helena-astrild (Estrilda astrild) is in lyts fûgeltsje út de famylje fan 'e prachtfinken (Estrildidae). De soarte komt fan oarsprong út Afrika besuden de Sahara, mar is troch de minske op in soad plakken yn 'e wrâld yntrodusearre. It is beweechlik fûgeltsje dat troch syn kleuren en sosjale gedrach populêr is yn 'e avikultuer.

Ferskining De Sint-Helena-astrild is in lytse, slanke fûgel fan sa'n 11 oant 13 sintimeter lang. It meast opfallende skaaimerk is de heldere, reade streek dy't as in soarte fan masker troch it each rint. Ek de snaffel is opfallend read. It fearrekleed is oer it algemien griisbrún mei hiele lytse, fine donkere dwersstreken oer it fearrekleed. De kiel en de wangen binne ljochter fan kleur, hast wytich.

De búk hat in karakteristike rôze oant reade gloed, dy't by it mantsje faak wat feller is as by it wyfke. De sturt is relatyf lang en donkerbrún. De poatjes binne donkergriis oant swart. Hoewol't mantsjes en wyfkes in soad op inoar lykje, is it mantsje yn 'e briedtiid te werkennen oan 'e fellere reade kleur op 'e búk en syn sang.

Fersprieding en systematyk thumb|left|Eksoat yn Portegal. De Sint-Helena-astrild hat in ûnbidich ferspriedingsgebiet yn Afrika. It natuerlike leefgebiet rint fan Sierra Leöane yn it westen oant Etioopje yn it easten, en hielendal nei it suden oant yn Súd-Afrika. Fanwegen de hannel yn sierfûgels binne der no ek wylde populaasjes te finen yn bygelyks Súd-Jeropa (Spanje, Portegal), Brazylje, en op ferskate eilannen lykas de Kanaryske Eilannen, Sint-Helena en Hawaï.

De fûgel libbet it leafst yn iepen lânskippen mei heech gers, reidfjilden en strewellen, faak yn 'e buert fan wetter of op lânbougrûn. Se wurde ek faak sjoen yn tunen en parken.

Undersoarten De Sint-Helena-astrild wurdt opdield yn santjin erkende ûndersoarten, dy't foaral ferskille yn grutte, de yntinsiteit fan 'e reade kleur op 'e búk en de finens fan 'e dwerstreken op it fearrekleed:

Undersoarte Ferspriedingsgebiet E. a. kempi Sierra Leöane, Libearia en Guinee. E. a. occidentalis Fan súdlik Maly en Ivoarkust oant de Demokratyske Republyk Kongo. E. a. peasei Etioopje. E. a. macmillani Súd-Sûdan. E. a. adesma Uganda, Rwanda, Boerûndy en westlik Kenia. E. a. minor Súd-Somaalje, eastlik Kenia en noardeastlik Tanzania. E. a. jagoensis Kaapverdje. E. a. rubriventris Gabon oant noardlik Angoala. E. a. schoutedeni Súdlik Gabon en súdwestlik Demokratyske Republyk Kongo. E. a. sousae It eilân Sao Tomee. E. a. nigriloris Súdlik Demokratyske Republyk Kongo. E. a. cavendishi Súd-Tanzania oant Sambia, Malawy, Simbabwe en Mozambyk. E. a. muenzneri Súdeastlik Tanzania. E. a. damarensis Noardlik Namybje en súdlik Angoala. E. a. astrild Súd-Afrika, súdlik Namybje en Botswana. E. a. tenebricosa Eastlik Súd-Afrika. E. a. tenebridorsa Noardlik en sintraal Etioopje.

Sang It lûd fan de Sint-Helena-astrild is in heech en skerp "tsjyp-tsjyp". It mantsje sjongt in ienfâldich, mar fluch sankje dat bestiet út in searje fan sokke hege lûden. Se brûke harren rop hom kontakt te hâlden mei de rest fan 'e groep, om't se hast altyd yn groepen omfleane.

Briedgedrach De Sint-Helena-astrild bouwt in grut, rûn nêst fan gers, meastentiids leech by de grûn yn in tichte strûk of tusken heech gers. In hiel bysûnder skaaimerk fan harren nêst is in saneamd skynnêst dat boppe-op it echte nêst boud wurdt. Der wurdt tocht dat it ornearre is om rôfdieren of briedparasiten te mislieden. thumb|left|Aaikes. It wyfke leit 4 oant 7 wite aaikes. Beide âlden wikselje it brieden ôf en nachts sitte se faak tegearre op it nêst. Nei sa'n 11 oant 12 dagen komme de aaikes út. De jongen fleane nei likernôch trije wiken út, mar wurde dan noch in skoftsje troch de âlden fuorre.

Status De soarte wurdt troch de IUCN klassifisearre as net bedrige (Least Concern). De populaasje is stabyl en de fûgel hat him hiel goed oanpast oan gebieten wêr't minsken wenje. De Sint-Helena-astrild profitearret faak fan lânbou en it oanplantsjen fan gerssoarten dêr't se it sied fan ite.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Astrild Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mauritsius Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Eksoat yn Ascension Kategory:Eksoat yn Sint-Helena Kategory:Eksoat yn Tristan da Cunha Kategory:Eksoat yn Kaapverdje Kategory:Eksoat yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Eksoat yn Mauritsius Kategory:Eksoat yn Rodrigues Kategory:Eksoat yn Reünion Kategory:Eksoat yn de Seysjellen Kategory:Eksoat yn de Frânske Súdlike en Antarktyske Lannen Kategory:Eksoat yn Portegal Kategory:Eksoat yn Spanje Kategory:Eksoat yn de Kanaryske Eilannen Kategory:Eksoat yn Madeara Kategory:Eksoat yn de Azoaren Kategory:Eksoat yn Trinidad en Tobago Kategory:Eksoat yn Brazylje Kategory:Eksoat yn Bermuda Kategory:Eksoat yn Nij-Kaledoanje Kategory:Eksoat yn Fanûatû Kategory:Eksoat yn Frânsk-Polyneezje Kategory:Eksoat yn Hawaï Kategory:Eksoat yn Oerûguay Kategory:Eksoat yn Porto Riko Kategory:Eksoat yn Martinyk