Pierre Berloquin (Tours, 3 febrewaris 1939) is in Frânske yngenieur, auteur en spulûntwerper. Hy waard yn de Frânsktalige wrâld bekend troch syn logyske puzzels en tagonklike kryptografy. Syn wurk omfettet tsientallen boeken, puzelrigen en spulûntwerpen.
Biografy Berloquin waard berne yn Tours en studearre fan 1959 oant 1962 oan de École nasjonale supérieure des mines de Paris. grand angle Le matheux fait du chiffre By syn stúdzje ûntwikkele er in bliuwende belangstelling foar puzzels, koades en boartlik tinken.
Nei syn ôfstudearjen wurke Berloquin as yngenieur, ynnovaasjekonsultant en dosint. Dêrneist boude er in karriêre op as auteur fan puzels en logyske spullen. Tusken 1964 en 1984 wurke er foar Science et Vie. Fan de jierren sechtich fan de foarige iuw ôf ferskynden syn puzels ek yn ûnder mear Le Monde, Le Figaro en Le Point. Valse Franse franken: Doe het zelf!, yn: Het Vrije Volk: democratisch-socialistisch dagblad, 27 augustus 1976 Berloquin skreau tsientallen boeken oer puzels, logika, koades en kreative probleemoplossing. Yn syn boeken kombinearret er histoaryske taljochting mei foarbylden fan puzzels en tinkproblemen. 100 Jeux de table Hy skriuwt ek oer tradisjonele spullen as kaartspullen, skaken en dobbelspullen. Pierre Berloquin, passionné et créateur de jeux, La Nouvelle, 30 desimber 2020
Spulûntwerper Ta Berloquin syn ûntwerpen hearre boerdspullen, puzelrigen en ynteraktive spulkonsepten. Hy omskreaun himsels as 'ludograaf', immen dy't sawol de teory as de praktyk fan spulûntwerp bestudearret. Hy wurke ûnder mear oan edukative puzelrigen foar útjouwerijen, buordspullen mei logyske of wiskundige eleminten en útjeften dêr't puzels en ynteraktive ferhalen yn kombinearre waarden. Ek wie er betinker fan boerdspullen lykas Zodiac en Blind Man's Mirror. Mei Roland Moreno wurke er oan it softwareprojekt Tsientûzen, poëtyske printen op it ynternet. Immen dy't him ek mei populêre wiskunde en populêre wittenskip dwaande hold is Martin Gardner. Yn Berloquins wurk 100 Numerical Games skreau Gardner it foarwurd. Voorwoord 1000 Numerical Games
Sitaatpuzel De sitaatpuzel (Ingelsk: quotefall of dropquote) ferskynde foar it earst yn 1975 yn syn Frânske puzelboek 100 Jeux et Casse-tête. Dêrmei wurdt Berloquin faak neamd as ien fan de earsten dy't dizze puzelfoarm yn boekfoarm yntrodusearren en systematysk beskreaun. Syn ûntwerp kombinearre twa eleminten dy't doedestiids fernijend wiene: In ferburgen sitaat dat horizontaal lêzen en letterkolommen wurde moast dêr't de letters 'nei ûnderen falle' yn it diagram. De alfabetyske oardering fan de kolomletters - in skaaimerk dat yn moderne sitaatpuzels noch hieltyd brûkt wurdt - waard allyksa troch Berloquin standerdisearre. Yn de jierren nei de publikaasje fan 100 Jeux et Casse-tête waard de sitaatpuzel ynternasjonaal oppikt. De puzzel ferskynde yn tydskriften, puzelbondels en letter ek yn digitale foarm.
Profesjonele aktiviteiten Berloquin hat trainingen jûn oer probleemoplossing yn de yndustry en yn kommunikative konteksten. Sûnt 1984 is er aktyf as ûntwerper en ûntwikkeler fan kompjûterprodukten. Hy hat lieding jûn oan de bedriuwen Euris en Créalude, en oan it Training and Innovation Center. Syn bydrage Breaking the Roof of the House, presintearre op de konferinsje Serendipity yn Science, the Arts, and Decision-Making, kombinearret tafal en kreativiteit. Ek tocht er mei oan it spul foar it Frânske polityk en kultureel telefyzjeprogramma Italiques.
Yn 1977 rjochte Berloquin tegearre mei Simon Monceau it earste gamefestival op yn Boulogne-Billancourt. Yn 1984 betocht er it fideogamefestival Ludéo yn it Ynternasjonaal Kommunikaasjesintrum yn La Défense. Yn 1985 ûntwikkele er it earste realtime fideospul Time City / Rencontre dans la ville (Ontmoeting in de Stad), dat presintearre en test waard op lokaasjes lykas it Centre Pompidou en Futuroscope. Foar de iepening fan de Cité des sciences et de l'industrie yn 1987 ûntwurp en realisearre er in tsiental edukative stasjons: Promenade yn de stêd en De Turingmasine. Spesjaal dêrfoar betocht en presintearre er de ynteraktive robotstriid Daedalus. Hy ûntwurp it wiskundige puzelspul Diabolical Digits foar Windows en Macintosh.
Oare aktiviteiten Berloquin wûn de earste priis foar klarinet oan it Konservatoarium fan Tours. Hy spilet op klarinet sawol tradisjonele dûnsmuzyk út Midden-Frankryk as klezmer.
Bibliografy (seleksje) Het grote breinbrekers & denkspelletjes boek (Deltas, 2025) www.bibliotheek.nl Geheime codes ontcijferen (Librero, 2021) Wiskundige & logische raadsels: meer dan 100 getallenraadsels, syllogismen en klassieke logische scenario's (Librero, 2021) Het grote breinbrekers-en denkspelletjesboek - geheugen - concentratie - verbeelding – logica (Deltas, 2015) Geheime codes & getallen - Geheimschriften en enigma's van de oudheid tot heden ontcijferd (Librero, 2011) Jouer avec les Mots – Les Jeux (1991) 100 numerical games (Charles Scribner's Sons, 1976) Testez Votre Intelligence (1974) Sherlock Holmespuzels Sherlock Holmes puzzels - visuele puzzels puzzels gebaseerd op scènes uit de verhalen over Sherlock Holmes (Librero, 2022) The Ultimate Sherlock Holmes Puzzle Book (Wellfleet Press, 2021) Sherlock Holmes puzzelcollectie: enigma's, woordzoekers, kruiswoordraadsels en mysteries gebaseerd verhalen van Sir Arthur Conan Doyle (Librero, 2019)
Keppeling om utens www.berloquin.com
Kategory:Frânsk yngenieur Kategory:Frânsk ûnderwizer Kategory:Frânsk puzelmakker Kategory:Persoan berne yn 1939 Kategory:Frânsk publisist Kategory:Frânsk boekeredakteur