Carl Jakob Sundevall (Högestad, Skåne, 22 oktober 1801 – Stockholm, 2 febrewaris 1875) wie in Sweedske soölooch.
Libben en wurk Hy waard yn 1817 studint oan de Universiteit fan Lund, helle in graad yn filosofy yn 1823 en waard yn 1826 ekonomydosint. Nei in reis nei East-Aazje tusken 1827 en 1828 die er yn 1829 syn eksamen medisinen en waard dêrnei dokter.
Yn 1833 waard er meiwurker oan it natuerhistoarysk museum yn Stockholm en yn 1836 waard er beneamd ta learaar yn de soölogy en de ekonomy yn Lund. Nei't er meidien hie oan in Frânske ekspedysje nei Spitsbergen krige er yn 1839 in oanstelling as konservator en heechlearaar by it earder neamde museum. Fan 1841 oant 1871 wurke er op de ôfdieling wringebisten.
Hy skreau Svenska Foglarna (1856–87), dêr't 238 soarten fûgels yn Sweden beskreaun waarden. Hy klassifisearre in oantal fûgels dy't yn súdlik Afrika sammele wiene troch Johan August Wahlberg. Yn 1835 ûntwikkele er in fylogeny foar de fûgels basearre op 'e spieren fan 'e heup en skonk dy't bydroegen oan letter wurk fan Thomas Huxley. Hy ûndersocht doe de yndieling fan 'e djippe pezen yn 'e foet fan 'e fûgel. Dy lêste ynformaasje wurdt noch altyd brûkt troch fûgeltaksonomen.
Sundevall wie lid fan de Kungliga Fysiografiska Sällskapet yn Lund (yn 1825), Kungliga Vetenskapsakademien (1839), Vetenskaps- och vitterhetssamhället yn Göteborg (1840), Kungliga Lantbruksakademien (1844), en Kungliga Vetenskaps-Societeten yn Uppsala (1851). It grutste part fan Sundevall syn wurk giet oer de systematyk fan wringebisten. Yn syn Metodisk öfversigt af idislande djuren (1844) hat er in wichtige bydrage levere oan de kennis en ûnderlinge relaasjes fan de besprutsen bistesoarten. Syn 'Soölogysk Learboek' (Lärobok i zoologien) út 1835, mei de dêrby hearrende platenatlas, waard lange tiid brûkt yn it fuortset ûnderwiis.
Sundevall wie ek dwaande mei dieren sûnder rêchbonke, mei't er ek entomolooch en arachnolooch wie. Hy beskreau in grut tal nije spinnesoarten.
Hy hat it meast betsjut op it mêd fan de ornitology, spesjaal de anatomy fan fûgels. Hy beskreau 46 fûgelsoarten dy't anno 2013 noch as soart erkend wurde. (2013) - IOC World Bird Names (version 3.3) Der binne ek dieren nei him ferneamd, bygelyks de Galapagosreager (Butorides sundevalli).
Wurken Kar-út: Lärobok i zoologien, 1835. Handatlas till lärobok i zoologien, 1843. Methodisk öfversigt af idislande djuren, Linnés Pecora ('Metodologysk oersjoch fan wjerkôgers, Linnés Pecora'), 1844–1845. Conspectus avium picinarum, 1866. Methodi naturalis avium disponendarum tentamen, 1872.
Kategory:Sweedsk soölooch Kategory:Sweedsk heechlearaar Kategory:Sweedsk publisist Kategory:Persoan berne yn 1801 Kategory:Persoan stoarn yn 1875