De oranjewangastrild (Estrilda melpoda) is in lyts fûgeltsje út de famylje fan 'e prachtfinken (Estrildidae). De soarte komt fan oarsprong út West- en Sintraal-Afrika. Troch syn opfallende oranje wangen is de fûgel ien fan 'e meast bekende astrilden yn 'e avikultuer.

Ferskining De oranjewangastrild wurdt sa'n 10 sintimeter lang. It fearrekleed is oer it algemien ljochtgriis op 'e kop en de nekke, wylst de rêch en de wjukken mear brúnich binne. It meast opfallende skaaimerk binne de grutte, oranje plakken op 'e wangen, dêr't de fûgel de namme oan tanket. De snaffel is ek opfallend read. De stút is read, wylst de sturtfearren swartich binne. De búk is ljochtgriis oant wytich, faak mei in gielige of ljochtoranje gloed yn 'e midden. It mantsje en it wyfke lykje in soad op inoar, al binne de oranje wangplakken by it mantsje faak krekt wat grutter en feller fan kleur as by it wyfke.

Fersprieding en systematyk De oranjewangastrild hat in grut ferspriedingsgebiet yn Afrika dat rint fan Senegal yn it westen oant Angoala yn it suden en Sambia yn it easten. Der binne ek ferwyldere populaasjes te finen yn lannen bûten Afrika, lykas op Porto Riko, de Bermuda-eilannen en op 'e Hawaï-eilannen, dêr't se troch de minske yntrodusearre binne. Se libje benammen yn iepen lânskip mei heech gers, boskrânen en lânbougebieten. Se wurde ek faak sjoen yn tunen en parken yn 'e buert fan minsklike bewenning. Ekology De oranjewangastrild is in tige beweechlike en sosjale fûgel. Se wurde faak yn lytse groepkes sjoen of kloften fan tritich of mear fûgels en binne hieltiten op syk nei iten. De fûgels hâlde kontakt mei inoar troch koarte, hege lûden.

It dieet bestiet foar it grutste part út de sieden fan ferskate gerssoarten. Se helje de sieden direkt út de gersieren of pikke se fan 'e grûn. Njonken sied ite se ek lytse ynsekten, benammen yn 'e briedtiid, om de jongen fan genôch aaiwiten te foarsjen.

It nêst wurdt boud fan gers en is faak rûn fan foarm mei in lytse yngong. It stiet meastentiids op of krekt boppe de grûn yn ticht gers of in strûk. In opfallend skaaimerk is dat se lykas oare soarten yn it skaai in 'skynnêst' boppe-op it echte nêst bouwe kinne. It wyfke leit 3 oant 6 wite aaikes. Beide âlden helpe by it brieden en it fuorjen fan 'e jongen.

Avikultuer Yn 'e avikultuer is de oranjewangastrild in populêre fûgel om't se relatyf maklik te hâlden binne en in fredich karakter hawwe. Se kinne goed oerwei mei oare lytse tropyske finken yn in mienskiplik fûgelhok, dat mei tichte begroeiïng beplante is.

Status De soarte wurdt troch de IUCN klassifisearre as net bedrige (Least Concern). De populaasje wurdt as stabyl beskôge en hat in grut ferspriedingsgebiet. Ek hat de fûgel in grut oanpassingsfermogen oan feroaringen.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Astrild Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Eksoat yn Porto Riko Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn Spanje Kategory:Eksoat yn de Noardlike Marianen Kategory:Eksoat yn Martinyk Kategory:Eksoat yn Gûadelûp Kategory:Eksoat yn Bermuda