Samuël (Hebriuwsk: שְׁמוּאֵל) is in bibelsk persoan út it Alde Testamint. Hy wie in profeet en de lêste fan 'e rjochters dy't lieding joegen oer Israel foardat it lân in keninkryk waard. Samuël spile in krúsjale rol yn 'e oergong fan 'e tiid fan 'e rjochters nei de monargy. It ferhaal fan Samuël De berte fan Samuël wurdt beskreaun as in wûnder. Syn mem, Hanna, wie ûnfruchtber en smeekte God yn it hillichdom yn Sjilo om in soan. Hja ûnthiet dat as se in bern krige, se him oan 'e Heare tawije soe. Doe't Samuël berne waard, brocht se him nei de pryster Ely om yn it hillichdom te tsjinjen.
Doe't Samuël noch in jonge wie en yn it hillichdom tsjinne, fûn syn ropping troch God plak (beskreaun yn 1 Samuël 3). Op in nacht, doe't Samuël op bêd lei, hearde er in stim dy't syn namme rôp. Hy tocht earst dat it Ely wie en rûn trije kear nei de âlde pryster ta, mar dy hie him net roppen. Lang om let begrypte Ely dat it de Heare wie dy't de jonge rôp. Hy joech Samuël de rie om te antwurdzjen mei de wurden: "Sprek, Heare, want Jo feint harket." Doe't God fannijs rôp, die Samuël dat. God iepenbierre him doe in swier oardiel oer it hûs fan Ely, om't Ely syn soannen net tsjinholden hie yn harren sûndich gedrach. Troch dat barren waard yn hiel Israel dúdlik dat Samuël as profeet fan 'e Heare oansteld wie.
thumb|left|Samuël salvet de jonge David ta kening(François-Léon Benouville) As folwoeksene groeide Samuël út ta in machtich geastlik lieder. Hy rôp it folk op om de ôfgoaden wei te dwaan en werom te kearen nei God. Under syn lieding waarden de Filistinen ferslein by Mispa, wêrby de Heare yngrypte. Doe't Samuël âld waard, fregen de Israeliten om in kening, lykas ek oare folken hiene. Hoewol't Samuël dêr op tsjin wie, salve er op oanwizing fan God earst Saul en letter David ta kening.
De soannen fan Samuël, Joël en Abía, folgen harren heit net op yn syn rjochtfeardigens. Hja wiene rjochters yn Beër-Sjêba en lieten har omkeapje en ferdraaiden it rjocht, wat ien fan 'e redenen wie wêrom't it folk om in kening frege. Samuël ferstoar yn hege âldens en waard begroeven yn syn wenplak Rama, wêrby't hiel Israel oer him roude.
Neffens de tradysje leit Samuël begroeven yn wat hjoed-de-dei bekend stiet as de Nabi Samwil-moskee, lizzend op in strategyske hichte boppe Jeruzalim. It plak wurdt troch joaden, kristenen en moslims as hillich beskôge. Yn 'e joadske tradysje wurdt Samuël ta ien fan 'e grutste profeten rekkene en faak yn ien sike mei Mozes en Aäron neamd.
Saul en de geast fan Samuël thumb|left|De ferskining fan Samuël(Edward Henry Corbould) In opfallend ferhaal fynt plak nei de dea fan Samuël (beskreaun yn 1 Samuël 28). Kening Saul siet yn 'e lytse loege troch de oarloch tsjin 'e Filistinen en socht om rie. Hy besocht kontakt te krijen mei God troch dreamen en profeten, mar God antwurde him net. Saul wist him gjin ried mear en gyng lang om let tsjin 'e eigen wetten yn nei in medium yn Endor: de saneamde heks fan Endor. Hy frege har om de geast fan Samuël op te roppen út it deaderyk. Doe't de geast fan Samuël ferskynde, hie er gjin goed nijs: hy foarsei de ûndergong fan Saul en syn soannen en sei dat it keninkryk oergie op David. Dit ferhaal is unyk yn 'e Bibel om't it ien fan 'e seldsume kearen is dat der beskreaun wurdt dat in ferstoarne profeet weromkomt om te sprekken.
Betsjutting De namme Samuël betsjut "God hat heard". Hy spile in beslissende rol by it ûntstean fan 'e monargy, mar ek as de hoeder dy't de keningen op harren ferantwurdlikens foar God wiisde. Hy fertsjintwurdige it morele gewisse fan it folk.
Yn de islam Yn 'e Koran wurdt Samuël net by namme neamd, mar der wurdt nei him ferwiisd yn Soera 2 (Al-Baqara), fers 246-248, as de profeet dy't troch de Israeliten frege waard om in kening oan te stellen. De islamityske tradysje identifisearret dizze profeet faak as Samu'il.
Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Persoan berne yn de 11e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 11e iuw f.Kr. Kategory:Joadsk profeet Kategory:Kristlik profeet Kategory:Islamitysk profeet