thumb|Ruth, Boäz en Naomi Philip Hermogenes Calderon RA (3 maaie 1833 – 30 april 1898) wie in Britske keunstskilder fan Spaansk-Frânske komôf, dy't earst wurke yn 'e Prerafaëlityske styl foardat er oerstapte nei histoaryske sjenreskilderkeunst. Hy wie Behearder fan 'e Royal Academy yn Londen.
Biografy Calderon waard berne yn Poitiers yn Frankryk. Syn heit, dûmny Juan Calderón (19 april 1791 yn Villafranca de los Caballeros – 28 jannewaris 1854 yn Londen) wie in heechlearaar Spaanske literatuer en in eardere Roomsk-Katolike pryster dy't him ta it anglikanisme bekearde. Calderon wie fan doel om technyk te studearjen, mar hy krige sa'n niget oan it tekenjen fan technyske figuren en diagrammen dat er fan gedachten feroare en syn tiid oan keunst wijde. Yn 1850 studearre er oan de Leigh's art School yn Londen. Yn 1851 gie er nei Parys en studearre ûnder François-Édouard Picot. Calderon syn earste suksesfolle skilderij hjitte By the waters of Babylon (1852), dat folge waard troch in noch folle populêrder skilderij mei de titel Broken Vows (1856). Fan it begjin ôf wie er ynspirearre troch de Prerafaëliten, en guon fan syn wurken lieten de details, djippe kleuren en realistyske foarmen sjen dy't dy styl karakterisearje. De keunstner Henry Stacy Marks wie syn freon en sweager en Calderon eksposearre syn portret yn 'e Royal Academy yn 1872. W. W. Fenn, 'Our Living Artists: Philip Hermogenes Calderon RA', The Magazine of Art, Desimber 1878, siden 197–202.
Calderon waard in foaroansteand lid fan 'e St John's Wood Clique, in groep keunstners dy't ynteressearre wiene yn moderne sjenres en histoaryske ûnderwerpen en dy't sawol artistyk as sosjaal ynspirearre waarden troch de Prerafaëliten. Histoaryske, bibelske en literêre tema's wiene gewoan yn it lettere wurk fan Calderon. In protte fan syn stikken hawwee froulju dy't djoere, side klean drage yn lânskippen mei sêfte kleuren. Syn Morning (1884) lit in famke mei read hier sjen dat nei in sinne-opgong sjocht.
It skilderij Juliet (1888) lit Shakespeare's Juliet sjen dy't op har balkon sit en nei de stjerren sjocht. Syn lettere skilderijen binne yn in mear klassike styl makke, te fergelykjen mei dy fan Edward Poynter, dy't it gefolch wie fan syn nauwe relaasje mei Frederic Leighton, doetiidske presidint fan 'e Royal Academy. Calderon waard yn 1887 Keeper of the Royal Academy en fan doe ôf wurke er oan it stypjen fan it ûnderwiis yn anatomy basearre op neakenmodellen oan 'e Royal Academy Schools.
Syn soan William Frank Calderon waard ek skilder.
Wurken By the waters of Babylon (1852; Tate, Londen) 'Lord, Thy Will Be Done' (1855; Yale Center for British Art, New Haven) Broken vows ('More hearts are breaking in this world of ours, than one would say — Longfellow) (1856; Tate, Londen) French peasants finding their stolen child (1859; priveesamling) The massacre of St. Bartholomew (1863; priveesamling) Margaret (1876; Manchester Art Gallery) Morning (1884) Juliet (1888) St. Elizabeth of Hungary's great act of renunciation (1891; Tate, Londen)
Galery
Kategory:Ingelsk keunstskilder Kategory:Ingelsk persoan fan Spaansk komôf Kategory:Frânsk persoan fan Spaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1833 Kategory:Persoan stoarn yn 1898