It skaai astrilden (Estrilda) omfiemet in groep lytse, tropyske fûgels út de famylje fan 'e prachtfinken (Estrildidae). De soarten fan it skaai wurde yn it Frysk ornaris oantsjut as astrilden. Se komme foaral foar yn Afrika besuden de Sahara yn sawol drûge savannes as fochtige gerslannen en boskrânen.

Astrilden binne bekend om harren fyn tekene fearrekleed, mei faak dwersstreekjes en opfallende reade aksinten, lykas op 'e stút, flanken of in streek troch it each. De measte soarten binne sosjaal en libje bûten de briedtiid yn lytse oant grutte kloften.

It binne lytse fûgels fan meastentiids 9 oant 11 sintimeter lang. De snaffel is koart en kegelfoarmich (faak read of swart), in slank lichem mei in faak fyn streke fearrekleed. Der is ornaris mar in lyts ferskil tusken mantsjes en wyfkes.

Astrilden libje benammen fan gerssied en yn 'e briedtiid ek fan lytse ynsekten. It nêst is bolfoarmich mei in yngong oan 'e sydkant. By guon soarten komt ek it ferskynsel fan in skynnêst foar, in nêst boppe it echte nêst om nêstrôvers te ferrifeljen.

It ferspriedingsgebiet leit yn West-, Sintraal- en East-Afrika mei in oantal soarten ek yn súdlik Afrika.

Taksonomy De taksonomy fan it skaai Estrilda is yn beweging. Ut molekulêr ûndersyk die bliken dat it tradisjonele skaai Estrilda net yn alle gefallen in natuerlike (monofyletyske) groep foarmet. In oantal soarten ferhûze de lêste jierren nei oare skaaien (lykas Glaucestrilda) of waarden opwurdearre as aparte soarten.

Soarten Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Status / trend Anambra-astrild Estrilda poliopareia hast bedrigestabylEstrilda poliopareia op BirdLife. 120px Kandtastrild Estrilda kandti net bedrigestabylEstrilda kandti op BirdLife. 120px Non-astrild Estrilda nonnula net bedrigestabylEstrilda nonnula op BirdLife. 120px Oranjewangastrild Estrilda melpoda net bedrigestabylEstrilda melpoda op BirdLife. 120px Sint-Helena-astrild Estrilda astrild net bedrigestabylEstrilda astrild op BirdLife. 120px Sompe-astrild Estrilda paludicola net bedrigestabylEstrilda paludicola op BirdLife. 120px Swartkopastrild Estrilda atricapilla net bedrigestabylEstrilda atricapilla op BirdLife. Swartmaskerastrild Estrilda nigriloris net genôch bekendEstrilda nigriloris op BirdLife. 120px Swartstútastrild Estrilda troglodytes net bedrigestabylEstrilda troglodytes op BirdLife.

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Prachtfink