Chofny (ek wol skreaun as Hofny) en Pinechas (Pinehas) wienen bibelske persoanen út it Alde Testamint. Hja wienen de soannen fan 'e hegepryster Ely en hja tsjinnen beide as prysters yn it hillichdom fan Sjilo.

Misdragings Chofny en Pinechas wurde yn de Bibel beskreaun as manlju sûnder earbied foar de Heare. Hja misbrûkten harren prysterskip troch it bêste fleis fan 'e offers foar harren sels te hâlden, noch foardat it fet foar God ferbaarnd wie. As de minsken wegeren mei te wurkjen, dan namen hja it mei geweld. Ek makken se har skuldich oan seksueel misbrûk fan 'e froulju dy't by de yngong fan 'e tabernakel tsjinnen. Harren heit Ely bestrafte harren wol mei wurden, mar hy pakte se net hurd genôch oan en sette harren net út it amt. Dêrtroch waard it hiele hûs fan Ely troch God feroardiele.

Dea en oardiel Troch in godspraak fan in ûnbekende profeet en letter mei in iepenbiering fan God oan 'e jonge Samuël waard de ûndergong fan 'e bruorren oansein. God makke bekend dat hja beide op 'e selde dei stjerre soene as teken fan it oardiel.

Yn in oarloch tsjin 'e Filistinen besleaten de bruorren om de Arke fan it Ferbûn út Sjilo nei it slachfjild te bringen, yn 'e hope dat God harren sa de oerwinning jaan soe. Dat die lykwols gjin fertuten: Israel waard ferslein, de Arke waard bútmakke troch de Filistinen en sawol Chofny as Pinechas kamen by dy slach by Eben-Haëzer om it libben.

Neiteam Doe't it berjocht fan 'e dea fan 'e bruorren en de rôf fan 'e Arke troch in boade oan 'e 98 jier âlde Ely ferteld waarde, foel dy fan 'e skrik fan 'e stoel en briek dêrby de nekke. De frou fan Pinechas wie op dat stuit swier en mei't hja al dat ûnheil hearde setten by har de fleagen yn. Hja joech berte oan in soan, neamde dy jonge Ikabod en stoar dêrnei. In oare soan fan Pinechas, Achitûb, wurdt letter neamd as de heit fan 'e pryster Achimelek.

Kategory:Persoan yn it Alde Testamint Kategory:Israelitysk persoan Kategory:Persoan berne yn de 11e iuw f.Kr. Kategory:Persoan stoarn yn de 11e iuw f.Kr.