It fjoerfinkje (Lagonosticta senegala) is in lyts Afrikaansk fûgeltsje yn 'e famylje fan 'e prachtfinken (Estrildidae). Ferskining It fjoerfinkje wurdt likernôch 10 sm lang. It mantsje is opfallend read fan kleur, mei brúnere wjukken en in ljochtere, rôzereade snaffel. Op 'e flanken hat er hiele lytse wite stipkes en syn sturt is read by de basis en brún oan 'e ein. It wyfke is benammen brúnich fan kleur, mar sy hat wol in reade stút en in reade streek fan 'e snaffel oer it each. Beide geslachten hawwe in giele eachring.
Fersprieding en systematyk It fjoerfinkje komt foar yn grutte dielen fan Subsaharaansk Afrika. De soarte fielt him thús op drûge savannes, iepen lânskippen mei strûken en ek faak tichteby minsklike delsettings en tunen.
Der wurde seis ûndersoarten ûnderskieden:
L. s. senegala (Linnaeus, 1766) – nominaatfoarm – Mauretaanje, Senegal en Gambia oant west- en sintraal Nigearia. L. s. rhodopsis ( Heuglin , 1863) – eastlik Nigearia, noardlik en sintraal Kameroen en súdlik Tsjaad oant Sûdan, westlik Eritreä en westlik Etioopje. L. s. brunneiceps (Sharpe , 1890) – sintraal Etioopje en súdeastlik Sûdan. L. s. somaliensis (Salvadori , 1894) – súdeastlik Etioopje en súdlik Somaalje. L. s. ruberrima (Reichenow , 1903) – Demokratyske Republyk Kongo, Uganda en westlik Kenia oant noardeastlik Angoala, noardeastlik Sambia en noardlik Malawy. L. s. rendalli (Hartert , 1898) – súdlik Angoala oant Mozambyk, súdlik oant Súd-Afrika.
Hâlden en dragen Fjoerfinkjes binne tige sosjale fûgels dy't faak yn lytse groepen of pearkes sjoen wurde. Se sykje harren iten benammen op 'e grûn en ite foaral lyts gerssied en ynsekten (lykas termiten). It nêst is in rûn bousel fan gers en fearkes, faak ferstoppe yn in strûk of somtiden sels yn 'e dakken fan huzen. It wyfke leit meastentiids trije oant seis wite aaikes.
Status De soarte hat in ekstreem grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. Dêrom klassifisearret de IUCN de fûgel as net bedrige (Least Concern). Avikultuer Yn 'e avikultuer is it fjoerfinkje in populêre fûgel om't se freonlik binne foar oare fûgels en har maklik oanpasse yn in mienskiplik fûgelhok. Se hawwe wol ferlet fan waarmte en beskerming tsjin wyn.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Amarant (fûgelskaai) Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe