De Gouldamadine (Chloebia gouldiae), ek wol de reinbôge-amadine neamd, is in kleurrike fûgel út de famylje fan 'e prachtfinken (Estrildidae). De fûgel is lânseigen yn it noarden fan Austraalje. De fûgel waard yn 1844 beskreaun troch de Britske ornitolooch John Gould, dy't de fûgel neamde nei syn ferstoarne frou Elizabeth.
Ferskining thumb|left|Fûgel mei in swarte kopkleur. De Gouldamadine is likernôch 12,5 oant 14 sm lang. Beide geslachten binne tige opfallend kleure mei swarte, griene, giele en reade markearrings dy't skerp ôftekene binne. In wichtich ferskil tusken de geslachten is dat it boarst fan it mantsje pears is, wylst dat fan it wyfke ljochter lila is. Wyfkes binne oer it gehiel wat bleker fan kleur.
Yn 'e natuer komme trije ferskillende kopkleuren foar: swart, read of giel (oranje). De ferskillende kopkleuren dy't yn it wyld foarkomme (swart, read en giel), binne genetyske farianten (morfen) binnen deselde populaasje en gjin aparte (ûnder)soarten. Troch selektyf te kweekjen yn finzenskip binne der hjoed-de-dei ek mutaasjes mei bygelyks blauwe, giele of sulveren rêgen.
Bysûnder oan 'e snaffel fan 'e Gouldamadine binne de reflektearjende bultsjes yn 'e snaffelhoeke fan 'e piken.
Fersprieding en leefgebiet De fûgels komme foar yn it noarden fan Austraalje, benammen yn 'e regio's Kimberley en it Noardlik Territoarium. Se libje dêr op gersrike savannes en flaktes. Bûten it briedseizoen binne it nomadyske fûgels dy't lûke nei plakken dêr't genôch wetter en sied te finen is. Se foarmje dan faak grutte groepen fan 1.000 oant 2.000 fûgels.
Troch de kleurferskillen fan 'e koppen waarden se earder as ferskillende soarten behannele. De Gouldamadine wurdt hjoed-de-dei as in monotypyske soarte sjoen; der wurde gjin ûndersoarten erkend.
Hâlden en dragen De Gouldamadine is in siediter. De fûgel yt deis oant 30% fan it lichemsgewicht. Se ite benammen sied fan ferskate soarten gers, lykas Sorghum en Triodia.
thumb|left|Pykjes. De fûgels briede meastentiids yn beamholtes oan it begjin fan it drûge seizoen. It wyfke leit 4 oant 8 aaien. Beide âlden briede oerdeis, mar nachts sit allinnich it wyfke op it nêst. De piken ferlitte nei 19 oant 25 dagen it nêst en binne selsstannich as se 40 dagen âld binne. It liket der op dat wyfkes de ferhâlding fan it neiteam beynfloedzje kinne troch te sjen nei de kopkleur fan it mantsje om sa genetyske swaktes te foarkommen. Status Yn it wyld is it oantal Gouldamadines yn 'e 20e iuw bot ôfnommen. Foar 1981 waarden der tsientûzenen fûgels út it wyld fongen foar de avikultuer. Yn it Kimberley-distrikt wie it de meast fongen fûgelsoarte. Nei it Australyske ferbod yn 1960 waard der dochs noch (faak yllegaal) fongen. Letter waarden ferlies fan leefgebiet en grutte boskbrannen de grutste bedriging foar de soarte. Nije ûndersiken en tellings (lykas fêstlein yn it Action Plan for Australian Birds 2020) jouwe in positiver byld. De totale populaasje wurdt no rûsd op sa'n 25.000 folwoeksen fûgels. Fanwegen dy nije ynsichten en in stabile populaasjetrend hat de IUCN de status fan 'e fûgel yn 2022 feroare fan hast bedrige nei net bedrige (Least Concern).
Avikultuer De Gouldamadine is ien fan 'e populêrste fûgels yn 'e avikultuer fanwegen syn prachtige kleuren. It binne selskipfûgels dy't net allinnich holden wurde kinne. Se kinne yn in rom, froast- en siichfrij fûgelhok goed tegearre mei oare rêstige tropyske fûgels holden wurde. Alle fûgels dy't yn Europa hâlden wurde, binne neikweek en moatte in fêste poatring ha.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Gouldamadine Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje