thumb|250px|Pastoary yn Niekerk Willem Reitsema (Liens, 17 jannewaris 1885 – Grins, 12 maart 1963), yn fakliteratuer ek wol W. Reitsema of W. Reitsema Tzn. neamd, wie in Nederlânske arsjitekt. Hy wurke op it Hogeland yn Grinslân, dêr't er in grut tal bouwurken ûntwurpen hat, foaral filla's, pleatsen en wenhuzen. Hy jildt as in fertsjintwurdiger fan de Grinslanner fariant fan de Amsterdamske Skoalle.
Biografy Willem Reitsema, soan fan de Grinzer oannimmer-arsjitekt Temme Reitsema (1856-1941) en Frouwke Lubbers (1854-1917), learde it fak yn de praktyk fan syn heit. Ek folge er kursussen boukunde yn Grins. Fan 1915 ôf wurke er as selsstannich arsjitekt. Hy neamde him Willem Reitsema Tzn., om betizing foar te kommen mei in oare (net-besibbe) Willem Reitsema, dy't yn Liens fiskhanneler wie. Ynearsten die Reitsema al it arsjitektewurk sels, mar fan 1936 ôf naam er ek meiwurkers yn tsjinst. Under harren wie Jaap Bakema (1914-1981), dy't lykwols net lang bleau, mei't syn eigen karriêre gau in hege flecht naam. Fan 1937 oant 1947 wie Harm Nienhuis Reitsema's fêste kompanjon. Dêrnei wurke er wer selsstannich, al makke er yn 1955 noch tegearre mei de Damster arsjitekt Evert Rozema (1892-1964) in ûntwerp foar hotel-restaurant Mercurius yn Leens.
Reitsema syn styl hat skaaimerken fan sawol de Amsterdamske Skoalle as it Nije bouwen, mar hie ek histoarisearjende eleminten. Hy makke faak gebrûk fan donkere bakstiennen, oerstekkende dakgoaten en houtwurk fan Amerikaansk grenen. Reitsema, dy't it ûntwerpen fan bouwurken sels "karweien" neamde, jilde as in deeglik en betroubere arsjitekt. Dat die mei bliken út it feit dat er soms frege waard om pannen te ferbouwen dy't er desennia earder foar deselde opdrachtjouwers ûntwurpen hie.
Reitsema wie ek muzikaal: Hy spile fan syn 12e oant syn 72e yn it Lienster fanfarekorps Euphonia, dat er soms ek dirigearre. Yn 1957 krige er dêrfoar de earemedalje yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Yn de Twadde Wrâldoarloch, doe't der net boud wurde koe, dirigearre er ferskate sjongkoaren yn de omkriten fan Liens.
Wurken Kar-út
Literatuer Fennema, Bertus, Annelike Brinkman en Henk Bolt (2008) Willem Reitsema Tzn. (1885-1963) - Architect op het Hogeland. Grins: Noordboek.
Sjoch ek List fan Nederlânske arsjitekten
Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1885 Kategory:Persoan stoarn yn 1963