De swartstútastrild (Estrilda troglodytes) is in lyts fûgeltsje út de famylje fan 'e prachtfinken (Estrildidae). De soarte komt fan oarsprong út de Sahel-regio yn Afrika. De fûgel is fan oare soarten yn it skaai te ûnderskieden troch de swarte stút. Ferskining De swartstútastrild is ien fan 'e lytste astrilden en wurdt likernôch 9 oant 10 sintimeter lang. It fearrekleed is ljochtgriis oant brúnich mei hiel fine, donkere dwersstreekjes oer it hiele fearrekleed. Lykas by de Helena-astrild rint der in helderreade streek troch it each, mar de snaffel is by dizze soarte folslein read.
De búk hat in ljochtrôze gloed. Der is hast gjin ferskil tusken it mantsje en it wyfke, al is it mantsje yn 'e briedtiid faak wat djipper rôze op 'e búk.
Fersprieding en systematyk De fûgel komt yn in brede stripe besuden de Sahara foar, fan Senegal en Gambia yn it westen oant Etioopje en it noarden fan Uganda yn it easten. Fanwegen de fûgelhannel binne der ek ferwyldere populaasjes te finen yn lannen as Spanje, Portegal en op ferskate eilannen yn 'e Karibyske See. Se hâlde fan drûch, iepen gebiet mei savanne-begroeiïng, toarnige strûken en gerslân, faak by sompen of rivieren.
Ekology De swartstútastrild is in tige sosjale fûgel dy't bûten de briedtiid yn grutte kloften libbet. Se binne hast altyd yn beweging en meitsje in konstant, heech "tsjylp"-lûd om kontakt mei de groep te hâlden.
It iten bestiet foaral út hiel lyts gerssied, dy't se fan 'e grûn pikke of fuort út de gersieren helje. Se binne ek ferslingere oan sied fan ferskate krûden. Krekt as oare prachtfinken ite se yn 'e briedtiid ek lytse ynsekten foar de nedige aaiwiten.
It nêst wurdt tichteby de grûn boud, faak yn in tichte strûk of tusken stikelplanten. It is in rûn nêst fan gers mei in lytse yngong oan 'e sydkant. Ek dizze soarte kin in 'skynnêst' bouwe op it echte nêst om rôfdieren te ferifeljen. It wyfke leit 3 oant 6 wite aaikes, dy't nei sa'n 12 oant 14 dagen útkomme. Beide âlden briede en soargje foar de jongen.
Avikultuer Yn 'e avikultuer is de swartstútastrild in bekende ferskining. Fanwegen harren beweechlike aard binne se it bêste op har plak yn in grut, tichtbeplant fûgelhok. Se binne freedsum foar oare fûgels oer, mar kinne yn 'e briedtiid ûnderinoar wat fûler wurde. Status De soarte wurdt troch de IUCN klassifisearre as net bedrige (Least Concern). De populaasje is grut en it ferspriedingsgebiet is ûnbidich grut.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Astrild Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Eksoat yn Spanje Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn Portegal Kategory:Eksoat yn Porto Riko Kategory:Eksoat yn Martinyk