De Spaanske mosk (Passer hispaniolensis) is in fûgel yn it skaai mosken (Passer) út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).

Ferskining thumb|left|Mantsje en wyfke. It mantsje fan 'e soarte is ienfâldich te ûnderskieden fan 'e húsmosk (Passer domesticus). De soarten binne mei 14 oant 16 sm like grut, mar de Spaanske mosk hat lykas de fjildmosk in kastanjebrune kroan. Yn 'e briedtiid hat it mantsje lykas de húsmosk in donkere slabbe, mar nei ûnder ta giet dat by de Spaanske mosk oer yn swarte streekjes. Ek op 'e rêch is it mantsje swart streke (dêr't de húsmosk swart en brún streke is). Fierder hat de Spaanske mosk in smelle wite wynbraustreek en wite wangen, dat by de húsmosk griis is sûnder wynbraustreek. Winterdeis bliuwe de swarte streken op it boarst en de búk, mar redusearre oanwêzich. It wyfke is dêrfoaroer yn it fjild dreech te ûnderskieden fan 'e húsmosk.

Fersprieding Oars as de namme tinken docht komt de fûgel net algemien en oeral yn Spanje foar. Der binne twa ûndersoarten:

P. h. hispaniolensis (Ibearysk skiereilân, oanbuorjende eilannen yn 'e Atlantyske Oseaan, Noardwest-Afrika en Súdeast-Europa oant yn westlik Turkije. P. h. transcaspicus (Midden-Easten oant yn it suden fan Kazachstan, Afganistan en it westen fan Sina).

It habitat bestiet út gebieten mei wetter en in soad strûken en beammen, faak by delsettings. Dêr't de húsmosk ôfwêzich is, lykas op Malta, Sardynje, Madeira en de Kanaryske Eilannen, nimt de Spaanske mosk syn plak yn bewenne gebieten yn. De ûndersoarte P. h. transcaspicus komt ek foar yn drûgere gebieten en yn Afganistan oant 2750 m boppe seenivo. De fûgels trekke winterdeis nei Noard-Afrika, it Arabysk skiereilân en Yndia.

Noardlik fan it ferspriedingsgebiet is de fûgel in seldsume dwaalgast.

De Spaanske mosk is tige nau besibbe oan 'e húsmosk. Yn dielen dêr't de soarten byinoar komme, kruse se faak, wêrtroch't tuskenfoarmen ûntsteane. Oant koartlyn waard it takson italiae ek faak as in hybride foarm tusken de Spaanske mosk en de hûsmosk behannele. DNA-stúdzjes befêstigje dat, mar italiae is reproduktyf isolearre fan sawol de húsmosk as de Spaanske mosk en dêrom wurdt er no as de Italjaanske mosk (Passer italiae ) as in aparte soarte behannele.

Hâlden en dragen thumb|left|Aaikes. Yn it grutste part fan syn ferspriedingsgebiet komt de Spaanske mosk njonken de húsmosk foar. Beide soarten briede yn kultuerlânskip, mar de Spaanske mosk liket in foarkar te hawwen foar wietere gebieten. De Spaanske mosk briedt heech yn beammen yn koloanjes, somtiden brûkt er ek nêsten fan grutte fûgels fan bygelyks earrebarren en rôffûgels.

Lykas oare mosken yt er benammen sied, mar ek mei fruit en oar plantemateriaal. De jongen wurde meast mei ynsekten fuorre. Status De populaasjegrutte waard yn 2015 op rûchwei 61 oant 131,5 miljoen folwoeksen fûgels rûsd. De ûntwikkeling fan 'e soarte is lykwols ôfnimmend. De Spaanske mosk stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (Least Concern, 2019) klassifisearre.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Mosk Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo